Bekernijs -sneintejûn-
27 november 2004Wepperkes -moandei-
29 november 2004Krisis by SDS 4 ?
It is de fraach wêr’t kommende wike it krisisberie fan SDS 4 holden wurde sil. Nei 3 ferliespartijen moat er fansels wolris efkes goed praten wurde. Tsjin de SSS-ers waard in prima earste helte mei in protte kânsen folge troch in folle mindere twadde helte. De 1-0 foarsprong, makke troch Folkert Rients Vellinga waard te neat dien troch 2 Marssumer doelpunten.
It is dúdlik dat de seleksje wat smel is op dit stuit troch blessures fan Jacob Plantinga en Roel Sijbesma en troch B-ferplichtings fan Tjeerd Dijkstra en famyljefeesten fan Stoffel Bouma.
Mochten er koppen rôlje dan hoopje wy as earsten jim dêrfan op de hichte te stellen.
Jacob Plantinga
Je sjogge him wol faak om en by it fjild mar de lêste moannen net yn it fjild. Jacob Plantinga “sit” noch altiten mei syn knibbel. Moandei wurdt er yn it sikehûs yn Harns holpen oan syn stikkene meniskus. Sa hopet hy der yn maart wer by te wêzen.
SDS 5 ûnderút
Rudy Dijkstra siet sneon op ‘bank by SDS 5 en koe dus goed in ferslach skriuwe. Klik hjir en lês alles oer de gebroeders -dinho, de oerspoten auto fan Evert en it Rudy-Syndroom.
Dat is it!!
Freed wie op Omrop Fryslân Faktor Freed te sjen. Hjir wie û.o. tutsje.nl oanwêzich. Der wie dochs wat oars wat my it hiele wykein bybleaun. Dhr. Schweigman hat 12 jier yn Spanje yn de bak sitten. Hy is no eindliks werom yn Nederlân en fielt dat it dochs wat oars is hjir as sa ’n 12 jier lyn. Hy hat der lang oer neitinke kinnen mar koe yn ien sin útlizze wat it probleem yn Nederlân is: “der wurdt hier teveel over mekaar praten yn plaats fan tegen elkaar”.
Eindliks wer!
Robert Hoekstra hat lang blesseare west oan ‘e knibbel en it is no foar it earst yn jieren dat hy wer sûnder lêst fuotbalje kin. Sneon koe de flagge hielendal út. Foar it earst yn 15 jier(neffens himsels) makke Robert wer ris in goal(by SDS 3). Wy hoopje dat der noch in soad folgje.
Tongersdei traine
SDS 2 sil it kommende tongersdei wer ris yn Easterein probearje. Om wis te wêzen dat sy op ‘e tiid binne foar de kenniskwis traine sy tongersdei om 18.30 oere op it lytse fjildsje foar de klaaihokken yn Easterein.
Kenniskwis
Kommende tongersdei is de kenniskwis. By de planning wie net rekken holden mei it feit dat it Fean lekker meidocht yn de Uefa kup. Tongersdei spylje se tsjin Zagreb om 20.45 oere. Dat kinne jim fansels allegear sjen yn it kantine. Yn it skoft sille wy besykje der in pear rondes kenniskwis troch te “jaaien” en nei ôfrin de finale ronde.
Wy rekkenje dat er dochs wer in protte publyk is om Durk, Dirk Yde en Mark oan te moedigjen.
2x yn 24 oeren
Hjir noch efkes de statistyken fan 2 kear fuotbalje yn 24 oeren:
* Mark, sneon 2 x skoort
* Tseard H., blesseart (sneon)
* Henk, sneon 1x skoort(penalty)
* Skelte, blesseart (sneon)
* Anne, freed 1 x skoort.
* Jan Simon, freed goed keept, sneon 1x skoort. Al lêst fan syn hân.
* Willem, freed 2 x en sneon 1x skoort.
Ik mei gjin konkluusjes lûke mar it liket dat je freeds better binnen as bûten fuotbalje kinne om fit te bliuwen. It skoren liket gjin probleem te wêzen.
Herkenber
Wy as wepmasters sjogge soms ek efkes fierder as SDS en hawwe ús fototastel altyd yn de oanslach.At je dan foar de wedstriid wat om je hinne sjogge dan ha je oan in efterkant wol genôch om minsken te herkennen. Ek hy (?)sil optein west hawwe oer de twadde helte it Fean-Feyenoord
Herkenber (2)
Wêr’t je it by de iene sjogge oan de pet, sa sjogge je it by de oare oan it griise hier. Nei ôfrin mocht hy (?)Hanson wat freegje. (Das better as Simone tútsje)
Mear wepperkes?
Hawwe jimme noch wat mail it nei info@vv-sds.nl.