Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
4 maart 2006
Wepperkes -moandei-
5 maart 2006

In bril

Minsken mei in goed gesichtsfermogen fine it mar neat in bril. “Minsjoggers”dy witte al net better mear. In bril kin soms ek maklik wêze. At it snijt of heilstiennet dan tsjinnet in bril ta beskerming.
In bril kin ek maklik wêze at je betiden wat wyld mei de hannen om je hinne slane.

Sa foarkomme je dat je jesels mei de finger yn it each stekke.

Want stel dat soks bart, dan fielt dat net lekker. Je kinne der sels hielendal fan de kaart reitsje. En stel dat soks bart en je sitte noflik yn de kantine fan de sporthal en je moatte je dêrtroch efkes werom lûke om it each efkes bekomme te litten. Stel dat je je dan efkes yn de grutte seal deljouwe om te bekommen fan dat lijen. Dan soe it barre kinne dat om slutingstiid hinne je fergetten wurde, omdat net ien wit dat je dêr lizze te bekommen mei dat each

Dan soe it der op út draaie kinne dat je om in oere as twa wekker wurde en je opsluten sitte yn de sporthal. In gelok is fansels dat de bewegingsmelder je dan oppikt en dat er in sinjaal nei de alarmsintrale giet. Je binne dan bliid dat je de ferbaasde behearder dan efkes letter sjogge om de doar iepen te meitsjen sadat je der út kinne.
En dat je dan gewoan nei hús kinne om thús fierder te sliepen, wylst it mei it each allegear wer goed is, sa te sjen.

CDA op tournee
Kommende tiisdei binne der ferkiezingen foar de gemeenterie. De CDA fraksje wie sneon op toernee en wiene ek útnoege om efkes op de Skoalleseize te sjen. Helaas wie der gjin fuotbal. Dêrom hawwe se yn alle rêst efkes praten kind mei de bestjoerders fan de Skoalleseize.

Spannum wint
Der wie dan justermiddei gjin topfuotbal yn Easterein, mar wol topkuorkebal. Spannum moast tsjin (lit ús mar sizze) ONT. Spannum wûn en bliuwt kampioenskandidaat. Foar twa SDS supporters (Jan en Gelf) makke it allegear neat út. Sij genietsje krekt sa folle fan it kuorkebaljen as fan it fuotbaljen.

Poging ta mishanneling
De frije traap fan Alex tsjin sc Heerenveen wie hurd, oer hurd. Trainer Gert Jan Verbeek hie der begryp foar dat spilers harren holle werom lutsen om dat hij it poging ta mishanneling fûn.
 Bij 2-1 dacht ik: we doen weer mee, maar toen kwam die poging tot mishandeling van Alex. Die vrije trap was zó hard, als je daarvoor niet bukt heb je een hersenbeschadiging. Dat neem ik dus niemand kwalijk.

It sit net mei
Dirk de Jong hat alwer in skoftke lest fan de knibbel. Foarige wike soe de dokter efkes yn e knibbel sjen. Hjir kaam jammer genoch wat tusken. No moat Dirk wachtsje oan ´t folgende wike. Hooplik kin it euvel dan al ferholpen wurde.

Skoatel
WD-SAT, it jonge bedriuw fan Wichard Deinum, hat sûnt koart ek in satellite pleatst op Jimbar. Sa koene der justerjûn moai wat minsken de wedstryd PSV- Heerenveen live sjen. Jan Simon Jelsma en Harm Auke Dijkstra wiene de ienigen dy’t tefreden nei hûs gyngen.

WK-papier
Ek tidens it WK/fuotbal sil je wolris nei it húske moatte. De echte leafhawwers kinne
hjir harren skytpapier bestelle. De Dútsers kinne it hjir bestelle.

Romantysk
Om ’t it fuotbaljen juster net troch gie koenen je moai wat tiid oan de frou bestede. Earst middeis mei har nei de stêd en jûns noflik op de bank mei in glêske wyn en in rêstich stikje musyk. Dit slagge aardich(sjoch hjir).

Hawwe jim noch nijs, mail it dan nei info@vv-sds.nl!