Utslaggen 18-2-2006
17 februari 2006Wepperkes -moandei-
19 februari 2006Doelpuntenmakkers
Juster wiene der twa wedstriden fan de senioren. 7 doelpunten waarden der makke en Harm Auke Dijkstra pakte dizze kâns mei beide fuotten oan, troch 4 kear te skoaren. Net dat it wat útmakket, mar der wiene wol twa strafskoppen bij. Net befestigde berjochten fermelde dat de oare twa yntikkers wiene. Dochs moai dat Hampie no tredde op de list stiet.
Blauw Wit 3 – SDS 3
Dizze wedstryd waard foar de fjirde kear ôflast. At it sa troch giet moat de wedstryd aansens spile wurde op it nije kompleks fan Blauw Wit 34, bij Goutum.
Wite mûzen reade sturten
Op freed 10 maart komt Fritz Korbach op de sponsorjûn in praatsje hâlden. Om dochs wat foarbereid te wêzen kinne je op Marktplaats dit boek oer him keapje(klik hjir). Hy docht yn dit boek inkelde opfallende útspraken.
SDS’ers derop út
De SDS ‘ers Sjoerd, Jan en Klaas en de Nijlanders Menno en Teade binne op dit momint by Wybren yn Wales. Hjoed sille sy dêr in fuotbalwedstryd besykje. Wy binne benijd nei harren ferslach. Nei hokker wedstryd at sy gean witte wy net. Sy geane yn elts gefal net nei Cardiff City. Dizze spile juster al tsjin Hull City( en wûn mei 1-0).
Binnen!
It prizenjild fan de earste helte fan de SDS League is oermakke!
Nije Treffer
Stikjes foar de nije Treffer kinne jim ynleverje foar kommende woansdei. Mail se nei DeTreffer@vv-sds.nl.
Lollumer jeugdsintiment
Appie Posthumus en Anne Brouwer komme beide út Lollum. Sij hawwe op de selde skoalle sitten, bij de selde dûmny hofkesongen, bij de selde dûmny op kategesaasje sitten en yn it selde alvetal fuotballe.
Yn 1971 spilen se in wedstryd as Lollumers tsjin Wommels. Der is yn Wommels nimmen dy’t de útslach noch wit, útsein de hearen Brouwer en Posthumus. Om der wis fan te wêzen dat de omstanders it leauwe wolle, hiene se it kranteknipsel fan doe mar efkes meinommen nei de kantine fan SDS.
Wa wie dat?
It boppesteande ferslach is net sa best te lêzen (Appie en Anne skoorden fansels foar Lollum) mar dochs stiet er in tige nijsgjirrige sin yn: “Tenslotte legde Wommels zich neer bij de nederlaag, wat onder anderen wel bleek uit het van het veld lopen van een speler zonder zich af te melden bij de scheidsrechter en het onsportief wegschieten van de bal, zodat die terecht kwam op de volkstuintjes en zeer moeilijk terug te vinden was.”
Us fraach is no fansels, wa’t dat wie. Help ús dit op te lossen?
Of hawwe jim in suggesje, jou it troch op ús mailadres.
Hawwe jim noch nijs, mail it nei ús!