Wepperkes -sneon-
4 juni 2005De wetterrotten fan B1
5 juni 2005B1 slút seizoen ôf.
De mannen fan B1 hawwe snein op paad west as ôfsluting fan it seizoen. Fan Ynkje Broersma krigen wy al wat earste yndrukken troch en wat foto’s. (tige tank)
De B ieners diene in kanoroute earst troch de Boalserter feart nei Littens en nei wat drinken en wat sâlts en sa by de Broersma’s gong it fierder op nei Rien en Itens en sa wer nei Easterein. Jildert wie yn Littens al wiet, wat dernei bard is witte wy noch net, fan Tjeerd hawwe se tastimming krigen, hawwe wy heard. Hy hat sels in camera en tillefoan meinommen as frijbrief…Se hiene dêrnei in barbecue by Douwe de Boer thus.
De earste foto’s hjoed, de oare moarn of letter
Tjeerd en Jaap hiene it dreech om út de buert fan de jonge knapen te bliuwen, ûndanks it feit dat Tjeerd him by it wetter tige thús field.
Se koene op lêst gjin kant mear út.
It wie noflik bekommen op it terras by de Broersma’s yn Littens
Willem op Wâldrock.
De man mei it langste hier fan Wommels en de man mei it koartste hier fan Spannum binne sinjaleard op wâldrock: Tjeerd Idsinga melde ús:
Ik bin juster Willem Wynia en Hendrik Eringa tsjin kommen bij Waldrock. Se meitsje it tige goed; se hiene it toch net in de gaten dat het sa no en dan reinde want Willem miene dat hy bij Arrow Classic festival in Lichtenvoorde wie.
Ozzy wer boppe wetter
Hendrik Ozzy Eringa docht ús snein ek al wer berjocht:
No is’t mar goed dat Willem nei in waarm lan giet.
Hy wie juster dweil fan it reinwetter, mar ek dweil fan it bier, sawol fan binnen as fan bûten. Mar Waldrock is fjirders tige slagge
Dirk Yde by ynterlân
Ut Skotlân krigen wy ek wer in berjocht:
It wurdt alwer wat resticher op’e side fan SDS, dus ik fyn dat ik myn bydrage ek wol werris jouwe mei. Sa ast miskien wol wist bin ik juster nei de ‘internationale topwedstriid’ tusken Skotlan en Moldavie west. Fan dit wedstriidbesyk sil ik dizze wike in ferslach skriuwe mei prachtige fotoimpressies, exclusief foar de SDS-site. Helaas ha ik (noch) net in kilt oanhan, mar wat net is kin noch komme. Ik hoopje myn ferslach foar woansdei of te hawwen.
Groetnis Dirk-Yde
Yn de Ljouwerter krante fan sneon stie in opmerklike kop.