Utslaggen sneon 26-3
26 maart 2005Wepperkes -moandei-
28 maart 2005Kwisfraach
Sa’t wy fersein hiene, stelle wy op dizze snein noch mar efkes in sportfraach.
Bynammen binne yn de sport gjin útsûndering. Wa wurde bedoeld mei de folgende nammen:
Boom boom
de Professor
Floppie
Goudhaantje
Jerommeke
Olifantje
Pluisje
Zwarte tulp
Jim kinne kieze út:
Boris Becker
Diego Maradona
Floris Jan Bovelander
Jeroen Blijlevens
Laurent Fignon
Marco Pantani
Ruud Gullit
Yvonne van Gennip
Mail it goeie antwurd nei info@vv-sds.nl
Fansels hawwe wy wer in priiske beskikber foar elke 10de goeie oplossing.
De Treffer
Wy binne de ôfrûne dagen drokt dwaande west mei de Treffer. It liket wer in hiele moaie te wurden. Omdat er safolle moaie foto’s yn steane, hawwe wy besletten “full color” út te kommen. Krekt as it kampioensnummer yn 2004. Kommende freed is hy klear.
SDS 1 wint net
Ferline wike koene wy noch melde dat SDS wûn hie nei in tige matige partij. “De trije punten binne binnen en jim moatte net sa seure”, wie de reaksje fan in protte spilers, at se konfronteard waarden mei wat kritische opmerkingen.
Nei juster kin der hast net in oare konkluuzje lutsen wurde dat dat SDS 1 totaal út foarm is en sûnder selsbetrouwen fuotballet. At er dan ek noch eangst yn de ploech sit, foar it fysike spul fan WPB en der wurde krusiale persoanlike flaters makke, dan is ek dizze ferliespartij wer útlein. Ien echte kâns foar SDS: in kopbal krekt neist 3 minuten foar tiid fan……Jappie Wijnia.
Clarence sluier klassemint
Sneon 26 maart hat Henk Postma him fanút Drachten spontaan oanmelden foar it Clarence sluier klassemint. Hy miste in strafskop 20 minuten foar tiid. Neffens insiders wie de bal sa fier neist dat Drachtster Boys ynsmite mocht.
SDS 3
De ploech dy’t dit jier kampioen wurde kin, makke gjin flaters. Se wûnen de tige lestige partij tsjin Franeker 3. Anco Elgersma skoorde skitterend út in fraaie traap en prachtich mei in kopbal.
Tryst djiptepunt
26 maart 2005 sil de boeken yngean as in sneon wêryn in minimaal oantal doelpunten makke is troch de 5 senioreneteams. SDS 3 skoorde 2 kear en SDS 4 1 kear.
Moat er mear op ôfwurkjen traind wurde?
Doelpuntenmakkers
Bij senioren fine jim de komplete list mei doelpuntenmakkers. Gearard Posthumus is noch altyd de fiere lieder.
Bekerstriid
SDS2 en B1 sitte noch yn de bekerstriid. It programma is no bekind. Tiisdei 19 april sille jim frijhâlde moatte want SDS 2 en B1 spylje dan beide thús.
18.45: SDS 2 – it Fean 2
19.00: SDS B1 – Dio Oosterwolde B1
B1
SDS B1 stiet der noch altiten goed foar. Efter jv Bolsward op in twadde plak. Sneon hâlden se Renado/VVI op ôfstân troch mei 5-1 te winnen. Dat wie in prima prestaasje want “dat ferrekte” keatsen is wer begûn en dêrtroch misten Feiko, Redmar en Bauke.
Foar SDS skoorden Jelmer Posthumus(3), Sietse Kooistra en Eeltsje Postma
Kealslach
Nije wike sneon wurdt it in kealslach op it sportpark. Tal fan grutte beammen sil fuorthelle wurde.
Modelstean
Op 1xmodel.nl stiet in yn SDS kringen bekinde jonge dame. Wa’t dat is. Sjoch op harren side by modellen maart.
Wa?
Noch altiten hawwe gjin goed antwurd krigen op de fraach wa dy PSV’er wie dy ’t tocht dat hy skoorde? Tsjin welke klup hy miste en hoe de keeper hyt dy’t de bal by him lâns gean sjocht? Mail it antwurd nei info@vv-sds.nl. Fansels kriget de 10e mailer in aardichheidsje.
(klik hjir om it filmke nochris te sjen)
Fan herte!
Nei it ferlies fan juster sil it wol net in grut feest wêze, mar Wichard Deinum wurdt hjoed al 37 jier! Fan herte lokwinske! Helaas foar him duorret syn jierdei hjoed ek noch in oere koarter. Felisiteer him ek en klik hjir!
Hawwe jim noch nijs of tips, mail it ús.