In sneon yn byld
19 maart 2005Wepperkes -moandei-
20 maart 2005Anne Brouwer hjoed jierdei!
Hjoed is Anne Brouwer jierdei. Fan herte lokwinske! Klik hjir om him te felisiteren!
Hoe âld soe der wurden wêze? Hjir de antwurden dy ’t wy krigen;
–moarn,
Neffens mij wurdt Anne Brouwer 49 jier.
Sjouke Sjoukema
-Hjirbij in reactie ut Ljouwert fan Vebo Tsjiis, Nei oerliz mei SDSer Sipke Hiemstra tink ik dat dizze man 55 jier is, mar liket jonger. Sipke Hiemstra seit fan: is 58, docht him foar as 54 mar liket gans alder. (T. de Wind)
–Ik sit der fêst tichtby????????? Ik tink dat hy 58 jier wurdt (as ik hielendal mis sit dan mei jimme dit net troch fertelle.
Hinke
-As je nei it úthoudingsfermogen fan Anne sjogge, by it fersoargjen fan de spilers, no dan is hy gjin 50 mear. Mar as hy op stap giet, is hy net stikken te krijen. Dan kin hy wol wer jonger wêze. Sjogge wy nei it hier op de holle, ja dan is hy miskien wol sawat 60. En dêr hâlde wy it op 58 jier.
Popko en Anna-Marie
Wy hâlde it op 58!
F5
It wie in drokte fan belang op it B fjild tidens de wedstryd SDS – Nijlân. De jongste helden fan SDS kamen yn aksje. Mei entoesjaste heiten en memmen oan de line wie der in protte sfear. Koen Zuidema skoorde it ienige doelpunt fan SDS. LSC skoorde 9 kear.
SDS 1 wint krekt fan Nijlân
SDS wûn juster mei 1-0 fan Nijlân. It doelpunt waard makke troch Robert Sybesma nei in goeie aksje fan Hendrik de Jong. Doe ’t de 2-0 útbleaf naam Nijlân it heft yn hannen en krige grutte kânsen op de lykmakker. It wie, man fan de wedstriid, Remco Brouwer dy ’t lokkich genôch de 3 punten yn Easterein hâlde koe. Miskien krije wy dizze wike noch in útgebreid ferslach fan WD.
Doelpunten
By senioren kinne jim de topskoorderslist wer fine, bywurke oant no ta. Gearard Posthumus bliuwt skoren. No makke hy it winnende doelpunt yn Koudum.
Fergetten
Rinse Joustra hie ferline wike de sjurtsjes mei nei hûs krigen om te waskjen. Yn de boks fan Oeverzwaluwen kaam in aaklike stank út de tas, doe’t er him iepen die. De sjurtsjes wiene net wosken. Mooglik dat de oerwinning hjir mei te krijen hat, want de Koudummers wiene leaver net te ticht yn de buurt fan de tsjinstanners
Fergetten
In lieder moat nei ôfrin altyd it formulier ynfulle. Je prate dan efkes nei yn de bestjoerskeamer dêr en it sit noflik. Ferfelend is it dan at je yn de kantine komme, at je ploechgenoaten der net mear binne. Dit oerkaam Bas van der Wey. Wylst de oaren al hast thús wiene stie hy dêr noch. Hy is gelokkich letter noch ophelle.
1 pear skuon
Heit en soan fuotbalje beide by SDS. Soan by de C-s en heit by de senioren. Sy hawwe wat útfûn om it oantal kearen dat de skuon skjinmakke wurde moatte wat te beheinen. Tegearre mei ien pear. Ype en Albert dus.
Merci
De jeugd fan SDS is freed op paad west mei doaskes MERCI Sûkelade. Sjirkje Plantinga sette middeis ôf mei 5 jonges nei Winsum. “Bin in oere as 7 wol wer thús” sei Sjirkje. De jonges dy’t meiwiene woene net earder nei hûs at alles ferkocht wie. Hulde oan Christiaan Plantinga, Jarko Pompstra, Doede Kooistra, Bauke Jan Plantinga, Doede Rients Okkema en Sjirkje want sy setten oant 21.30 oere ta troch en wiene doe alle 120 doaskes kwyt. Foaral yn Easterlittens gie it prima.
Fûgelwacht
Drokke tiden foar fûgelwachter Eddy de Boer. Net omdat hy aaisykje moat of neisoarchje mar omdat fergaderingen him dwaande hâlde. Tongersdei yn Itens en freed yn Easterein. Omdat de aaisikers it lân dochs net yn hoege, se it noch al lange gearkomsten te wurden. Undanks dat skoorde Eddy wol wer.
Nije trainer
Helaas hawwe wy gjin foto makke fan de nije trainer fan SDS. Hy wie wol oanwêzich by de wedstryd SDS – Nijlân.