Wepperkes – snein –

Wepperkes -sneon-
18 december 2004
Wepperkes -moandei-
20 december 2004

De training

Efkes in berjocht fan it bestjoer oan alle trainingsbisten fan SDS. It fjild yn Wommels is oant 12 jannewaris 2005 ticht. Der sil wat ûnderhâld dien wurde en it kin efkes bekomme.

 

Frysk hintsje

Op dy dagen dat er gjin fuotbal is, moat er wol nijs komme. En omdat it hast Kryst is hawwe wy efkes sjoen nei de hintsjes.  Wy binne wat sinnich dus komme je al gau út by de Fryske hinnen. It docht dan bliken dat ien fan de sponsors fan SDS, Hidde Frankena in hiele protte hat mei Fryske hinnen. Der wurdt sels praten oer ien fan de trije musketiers. Wy hawwe besletten mei Kryst mar wat by slachter Bouma, Reitsma of Jumbo wei te heljen (alle trije sponsors fan SDS)

 

Lifte

Noch 14 dagen en dan giet it wer oan mei it liften út Wommels. Op 1 jannewaris lifte wer in flink oantal koppels by Jimbar wei.

It doel is Gotenborg yn Sweden. Der wurdt hurd wurke om in oantal teams kompleet te krijen. SDS 3 hat Sjoerd van Beem levere, SDS 5 lit Klaas Malda meigean en SDS A1 sjocht Sjoerd Rispens as harren favoryt. It is de fraach at dat lêste wol reëel is, want de liftkwaliteiten fan Jarich Rispens syn broer, binne de ôfrûne jierren net opfallen. Wy hoopje op 1 jannewaris wer in “live” ferslach jaan te kinnen.

 

De Terp

Sneon 18 desimber wie it in histoaryske dei foar Wommels. In “onbeschadigde Terp” is feroare yn flakte mei stiennen en in plantsoen yn it midden. Boargemaster Liemburg hat de boel offisjeel iepene.  Elkenien kin no wer mei goed fetsoen Jumbo en Jimbar besykje.

It is te hoopjen dat se de tekst op webside van erussenuit hiel hau feroarje. Wy binne benijd wêrtroch Wommels no bekind is.

 

Topskoorders
De earste helte fan it seizoen sit der op. SDS 1 stiet er wer goed foar. Op de topskoorderslist fan voetbalnoord stiet Hendrik de Jong yn klasse 2k boppeoan.

  

Klassetopscoorders

 

Hendrik de Jong

10

SDS

Leo Pruis

9

QVC

Stefan Jeurink

8

Hardegarijp

Lammert van Houten

8

Fean ’58 ’t

Wieger Boonstra

8

Nijland

Meindert Postma

7

Friese Boys

Albert Riemersma

7

Fean ’58 ’t

Thijs Zijda

7

Waterpoort Boys

Gert Jan Tolsma

7

ONT

Popke Jansma

7

ONT

Barry Hamstra

7

Zeerobben

Bron: www.voetbalnoord.nl

Nijs
Nijs kinne wy altiten brûke. Jim miening ek. Wat fine jim bygelyks fan de prestaasjes fan de senioren alvetallen fan SDS, wat fine jim fan de posysje fan Dick de Boer, wat ferwachtsje jim fan de sealtoernooien?

Hawwe jim noch nijtsjes (it kin neat skele wêroer) mail it ús. info@vv-sds.nl