Wepperkes -sneon-
20 november 2004Liwwadder wepperkes
22 november 2004 SDS 1 nederlaach op it kantsje ôf. De foarútsjende blik fan de trainer fan SDS hie ta gefolch dat SDS sneon lekker oefenje koe op in kuenstgersfild yn Drachten. Neidat de bûn alles der útsmiten hie wie der in grutte flecht op de koai yn Drachten. De twa kuenstgersfilden waarden beide folop brûkt. Harkemase Boys, ONS, Nijlân, Oostergo en Leeuwarder Zwaluwen wiene dêr ek. SDS oefene tsjin de Sweltsjes en ferlearen mei 1-0. In reedlike gelykweardige party wêryn de Ljouwerter wat better wiene (neffens Durk Yde) mar SDS goeie kansen krige (neffens Hendrik) mar dy net fersulvere (neffens Jacob Klaas). In leuke (neffens Anne en Klaas) kâlde (neffens Harm Auke) middei fuort en lekker fuotbalje (Harm) soargen der foar dat men tefreden werom kearde nei Easterein. Oefenje Op 30 novimber is der ek in oefenwedstriid tsjin de eardere klup fan Lyckle Bleekveld Ouwe Syl. Dizze wedstriid wurdt spile yn Jelsum. At de hearen mei entoesjaste ferhalen werom komme liket it ús goed om ris nei te gean at net wat mear SDS-ers sin hawwe oan in sa’n tripke. Winkelje Paul De B’s steane der goed foar en blake fan selsbetrouwen. De hiele wike hiene se talibbe nei de topper tsjin Jv Bolsward. Doe’t Anne Brouwer yn de kantine fan de sporthal kaam út Drachten wei, stapte Paul de Boer nei him ta: “Wer net skoord Brouwer, je kinne better in goeie spits fan B-1 meinimme”. Dat beloofd noch wat foar de takomst. Tutsje.nl
Kommende wike is der al wer in oefenwedstriid. Tiisdei (dus net tongersdei) wurdt er oefene tsjin Be Quick Dokkum.
Grutte klubaksje
Tjeerd en Hendrik
Wy hawwe se net sjoen tidens de gearfetting op RTL 5 mar de wedstriid Chelsea-Bolton Wanderers is ûnder ta sjend each fan de twa Eastereinders einige yn 2-2.
Juster wie it in ideale dei om te winkeljen. Sa gie it ek mei Hendrik Eringa. Hy socht syn spesjaal saak wer op en trof dêr in bekinde.
Versuiteigenoven.nl
Op de webside www.versuiteigenoven.nl hâlde sy in ware “’t Hol off fame” by. It tafal docht dat hjir ek inkelde SDS ‘ers yn te finen binne. Sa sjogge wy in lid fan de Bunnik-side, in spiler fan SDS 3 neidat syn föhn ontploft is en in spiler fan SDS 2 mei (hoe is it mooglik) in jas oan. Ek tige de muoite wurdich is de “Sjit maar raak”-rubryk.
Frije sneon?
Sjoerd-Pyt(SDS3) en Klaas-Pyt(SDS5) hawwe hun frije sneon goed besteden. Sa holpen sy in bejaarde bûtenlanner op wei yn Wommels.
Wat wie it donker yn it Dielshûs.
Nijs?
Hawwe jimme nijs, mail it nei info@vv-sds.nl.