Útslagen 16 desimber
15 december 2006Wepperkes -moandei-
17 december 2006In ko?
Marcel Frankena wie juster op Omrop Fryslân te hearen mei kommintaar op de wedstryd fan SDS 1 tsjin Be Quick Dokkum. Hy fertelde dat in fuotballer fan Be Quick krekt foar tiid (mei in stand fan 1-0 foar SDS) allinne foar de goal kaam; “maar gelukkig voor ons skiet dy jonge een koe út it weiland”.
Tas fuort
Floris Hiemstra gie sneon út de kantine nei hûs en soe syn fuotbaltas pakke dy ’t hy bûten delhong hie. Dizze hong der allinne net mear. Wa hat per ûngelok Floris syn tas meinommen? Mail it ús.
Rein
In ferfelende bui like der noch efkes foar te soargjen dat it miskien wol net troch gean koe yn Easterein. De 5 millimeter wie foar de terreinkeurder en de konsul krekt te min om it ôf te lassen. It fjild wie dan ek swier mar wol te befuotbaljen.
Op de fyts
Sa koe fêste supporter Cees Adema op de fyts nei Easterein om te sjen hoe’t soan Kees Adema it dwaan soe: helaas wie Kees net fit en die dan ek net mei.
De flagge
It kaam terreinfeint Harm dan ek suver wat oer it mot. Hij moast lang om let de flagge noch efkes nei de top heise, ûnder it “genot” fan in protte kommentaar fan in stik as wat supporters mei de hannen djip yn de bûse.
Wiet
Dêrnei moast Harm al wer ûnder it tasjend each fan dy selde supporters hjir en dêr wat gatsjes prikke.
Sjaal
De nije SDS sjaal wie der ek. De earste waard ferkocht oan Marcel Frankena en dat wie in goeie kar want at er ien is dy’t sa’n moaie sjaal wat aardich sjowe kin, dan is hij it wol.
Net tefreden-wol tefreden
In kertier foar de ein fregen wij efkes oan de hearen de Boer, Zijlstra en Pander at se wat te freden wiene: “Nee,” wie it antwurd, “bij fuotbal heare doelpunten.”
Goed 10 minuten letter fregen wij it noch ris: “Ja, wij binne dik tefreden, der wurdt goed spile”
Foto’s
Foto’s fan de wedstryd SDS 1 – Be Quick 1 binne hjoed te sjen op de nije fotoside fan Henk Bootsma.
Gjin tafelfuotbal foar SDS 1
It liket der op dat de spilers fan SDS 1 net meidwaan kinne oan it kampioenskip tafelfuotbal fan kommende tongersdeitejûn. Der sil traind wurde. Kommentaar fan de teloarstelde organisatoren: “Op alle kwisjûnen is it trainen noch ôflast, dat sil no ek wol wer barre”.
Jingle Bells!
No ’t it sa nei de Kryst rint binne der ek werris wat krystferskes te hearen op de fuotbaltribunes. Dit ferske wie juster te hearen by ADO Den Haag – Willem II;
Jingle Bells, Jingle Bells
Jingle All the Way
Iedereen kan voetballen
behalve Willem II……..
Tikkie Terug Jaap
Pieter Liuwe van der Valk en Bertus Bootsma dogge it beide knap yn it Tikkie Terug Jaap-klassemint mei beide 2 eigen goals. Sy steane no allinne al wer in pear wiken drûch. Yn Skotlân fuotballet harren grutte foarbield Shelton Martis. Dizze Nederlander slagge der juster yn om foar de 3e kear yn 6 wiken syn eigen keeper te passeren……..
Net eamelje
Ús eameladres info@vv-sds.nl wurket op it heden noch altiten net goed. Jim kinne wol gebrûk meitsje fan dit adres: klik hjir.
Hawwe jim noch nijs, mail it ús