Wepperkes -sneon-
8 december 2006Wepperkes -moandei-
10 december 2006SDS 5 sûnder punten werom út Ljouwert
Der wie mar ien senioaren alvetal wat de kleuren fan SDS fertsjinstwurdige op dizze prachtige sneontemiddei. SDS 5 moast oantrede tsjin Ljouwerter Sweltsjes 11. Net in momint hat it der feitlik ynsitten dat SDS winne soe. Te gau mei 2-0 efter, in strafskop misse en dêrnei wol tsjin doelpunten oprinne en se sels net meitsje. De einstân (6-0)sprekt dan foar him sels.
Clarence Sluier trofee of…….
Op 26 augustus 2006 miste Ype Tiemersma in strafskop. Hij die dat op Skylge. Sneon 9 desimber mocht Ype wer oanlizze en hij miste. Hoe ’t it krekt gie is net hielendal dúdlik, mar it like der wol op dat hij de bal twa kear rekke, mar net echt en dat de bal in meterke neist gie.
Lieder Klaas Okkema hat al oanjûn dat hij fanôf no net mear de earste man is.
De redaksje fan de webside nimt it foarstel om it Clarence Sluierklassemint te feroarjen yn Ype’s Sluierklassemint yn oerwaging. It hiele klassemint kinne jim hjir sjen.
Remco stoppet
Nei al in skoft lêst te hawwen fan ferskeidene blessures hat Remco Brouwer beslúten om syn lidmaatskip by SDS op te sizzen. Wy hoopje dat dit net definityf is en dat der gau wer fit wurdt sadat der yn de takomst nochris de wanten oanlûke sil en foar SDS keepe kin.
Remco smyt de wanten yn de wylgen.
Wepperke fan Klaas
Sneontemiddei yn de kantine frege Klaas Okkema hiel fatsoenlik oan ien fan de wepmasters at hij ek in wepperke skriuwe mocht oer ien fan dy wepmasters. Dat like ús net sa’n goed idee, dêrom hjir ûnder in wepperke fan en oer in wepmaster.
Gjin linen
Yn Ljouwert hiene se der ek net oprekkene dat it fuotbaljen trochgean soe. Dêrom wie de kalkkarre moarns net útrukt en koene je mei grutte muoite de linen sjen.
Op it fjild wêr’t SDS spylje moast wie der noch minstens in strook fan 10 meter foardat je tsjin it stek oanrûnen.
It duorre minstens 5 minuten dat ien fan de SDS-ers dat yn de gaten hie. Alhiel frij stie hij oan de lofterside te wizen en te winken, dat hij hielendal frij stie. (hij moast it fjild ek goed breed hâlde) Doe’t de bal útneinlik spile waard stie hij minstens 5 meter bûten it fjild om de bal oan te nimmen.
Opmerkelik
Fannemoarn wie der yn de sporthal in sealtoernooi foar de E-pupillen fan SDS én Easterlittens. Opmerklik genôch diene de verscheidene ploechjes út Littens harren eigen doelman mar leafst trije kear de das om! (berjocht Jildert)
Fluitsje
Fan Douwe Dirk krigen wij juster noch in útnoeging om efkes te sjen bij Makkum-ACV, omdat alles yn Easterein net troch gie. De skiedsrjochter wie hij sels. Einstân wie 0-5.
Bowle(1)
It is wer safier: it fuotbal is ôfblaasd
De 5 Spilers die ek foarige wike te bowlen west ha gean wer te bowlen no twa oaren lang: de tradysje troch sette. Fan foarige kear noch in lyts ferslagje:
De 1e helt de stân:
Bauke wie bettiid op dreaf dus it earste plakje
Redmer kryt kracht fan syn iisthee derom hij op de 2e plak
Nei wat oerrinne Sytze op it poadium
Jelmer consentreede noch op de dyk derom hij op de 5e plak
Steffen wie noch yn Sjok dat hij sa betiid út bêd belle waard.
2e Helt
It earste plakje wie foar Jelmer die stûn op skerp
Twadde plakje foar Bauke dizze pot. Wer goait allinnich Jelmer út best
Steffen wie wekker en stiet op út 3e plak mei 2 punten ferskil mei nummer 1
Redmer syn ysthee wie útwurke
Sytze wie út syn konsintraten helle derom hij de hekke sluter.
3e helt as fanâld !!
Bowle(2)
Ek de oare wepmaster moast juster te bowlen. Mei syn skoanfamylje wist hy de ballen aardich te smiten. Hy hie hjir by gjin lêst fan de ljisk. Miskien in idee foar 2007…..
Kaarte, kolonisten en ….pokerje
It fuotbaljen gie dan wol net troch, in ôfsplitsing fan de aktiviteitenkommisje soarge der foar dat it dochs wer leuk waard yn de kantine. Der waard oan meardere tafels in kaartsje lein en der waard pokere. Mei heuse sinnebrillen op waard der suver echt spile. Wij ferwachtsje hjoed noch foto’s fan dit barren.
Ferbazing
Wij krigen noch al wat ferbaasde reaksjes te hearen oer it ôflassen fan it fuotbal yn Easterein. Seker omdat soks op freedtejûn al bard wie. Sneontemiddei hie der suver hast wol fuotballe kind.
Harsens derby(36)!
Gerlof Veldstra tipte ús mei in filmke foar dizze rubryk. It filmke hat miskien al earder op de side stien mar doe bestie dizze rubryk noch net. Dizze mei allinne net ûntbrekke. Nei dizze bal woe Roy Makaay wol efkes as Phantom ferdwine…….(klik hjir).
Hawwe jim noch nijs? Mail it nei ús.