Wepperkes -snein-

Utslaggen sneon
31 augustus 2007
Wepperkes -moandei-
2 september 2007

SDS League
Wy binne drok dwaande om de nije SDS League foar mekoar te krijen. Neffens ús binne dit alle spilers dy ’t jim opstelle kinne yn jim teams. Soene jim dizze list efkes neirinne wolle? As der wat net kloppet mail it dan nei info@vv-sds.nl!
Moarn kinne jim hjir de nije ynskriuwformulieren fine.

Harsensskodding
Bij sommigen is in blessure der gelyk, bij oaren blykt der pas letter sprake fan in blessure te wêzen. Geert Dijkstra, krige ferline wike tiisdei in klap tjsin de holle, mar it lke mei te fallen. Sneon keatse yn Wiuwert mar snein  blesseare yn Reduzum: in harsensskodding 

Profeten
Sa’t jim allegear fêst noch witte fan de skoaltiid, wiene der yn it ferline profeten. Dat wiene lju dy’t foarsizzingen diene. Sneon tidens de wedstryd Zeerobben 1 – SDS 1 kamen wij der efter dat der ek bij SDS twa profeten aktyf binne en tafallich sieten wij neist harren.
Doe’t SDS in strafskop tsjin krige en der noch al wat trelit ûntstie sei profeet Durk: “Harren strafskopgebiet opsykje, oertredinkje útlokke en wij ha in strafskop”
Noch gjin 5 minuten letter kaam it sa: Floris wurdt yn in lestige hoeke ûnderúttreaun en sjoch dêr: in strafskop.
Dan bemuoit profeet Gerrit him der mei:”SDS eigen, dizze strafskop misse wij!”
Sjoch dêr: Harm Stremler wol graach yn it Sluierklassemint en hij mist dus.
De profeten Gerrit en Durk hâlde tenei tongersdeitejûns sitting yn de kantine.

Drok
Dooitze Nauta is de fersoarger bij SDS. Yn dizze earste kompetysjewedstryd kaam hij der efter dat dit net in earebaantsje is. Hij hie it drok as in lyts baaske: Floris, Hendrik, Tsjipke Klaas, Tsjeard, Harm en Jaap hiene allegear in stevige behanneling nedich tidens de wedstryd

ClarenceSluierklassemint
Wij binne noch mar 1 septimber en it is net te leauwen hoefolle spilers fan it earste dit seizoen al opnommen binne yn it klassemint fan miste strafskoppen: sjoch
hjir

Totaal skoare
Sneon wie de eraste kompetysjewedstryd en dat levere wer in ferskaat oan útslaggen op. At jim hjir sjogge dan kinne jim alle ferslaggen en sommige ferslagjes noch efkes neilêze. Konkluuzje: SDS helle 20 punten en de tsjinstanners 23. It doelsaldo wie postityf: 55 tsjin 47.

Op de foto
Wij wolle graach fan alle spilers en alvetallen/sântallen ek dit seizoen wer in foto. Sneon is der in begjin mei makke en de kommende dagen sille dy foto’s pleatst wurde.
F3 is der yn alle gefallen klear foar.

Topskoarders

Ek dit jier wolle wij wer graach in topskoarders list bijhâlde fan de senioren. Dat Hendrik de Jong fuort al ôfstân nommen hat fan alles en elkenien is dúdlik. Mar wa skoarde der foar SDS 3?

Dom, dom, dom
Dat Jens Lehman noch nea ûndersocht is op mooglike omkeaperij is foar ús ûnbegryplik…(klik hjir).

Hawwe jim nijs of wolle jim oars wat kwyt, mail it nei dit adres.