Utslaggen sneon 9-5
8 mei 2009Weppers moandei 11-5
10 mei 2009Kondysjetraining is 44 kear……….
Kommende tongersdei nei ôfrin fan de training hawwe we in petear oer de kondysjetraining dy oer in wike as trye begjint.
“We” dat binne de staf, A seleksje en dejinge dy tinke der ek by te hearen.
We sille it hawwe oer de folgende saken:
Wanneer beginne we, hoe let en wer
Doelstelling fan kondysjetraining
Wa dogge der oan mei.
Wa dogge der net oan mei.
Wat geane we dwaen (looptraining,krachttraining)
Wat tinkt de groep dat we dwaen moate.
Iets oer de energiesystemen fan it minskelyk lichem.
Hersteltraining, en de doelgroep.
Mjitte is witte (en gisse is misse), iets oer hertslagmeters. (Jaap T wit der ek wol wat fan)
Stelling om oer nei te tinken:
Kondysjetraining is 44+ keer wichtiger as alle oare saken oangeande it foutbaljen, sa as taktyk, baltechnyk, positiespultsjes
Groetnis,
Dooitze
Ivo
Ivo Donath is opereard oan in hernia. Syn teamgenoaten fan SDS 4 hawwe ûnderwilens al in kreaze rollator oanskaft foar harren lieder. It jiskebakje moat noch efkes monteard wurde en dan is it klear.
Eddy nei Eddie
Wij wurde soms ferrast mei moaie ferhalen. Sa woene Eddy en Pep de Boer graach nei Pearl Jam mei Eddie Vedder, dy’t op 13 augustus yn Ahoy komme. Pep krige ynstruksjes fan Eddy hoe’t je de kaartem bestelle koene. It wie dochs net sa maklik as tocht en Eddy joech op de eftergrûn noch wat ynstruksjes.
Uteinlik slagge it en kaam de befestiging dat der 4 kaarten reserveard wiene foar…………. Kings of Leon.
Dêr hiene Eddy en Pep noch nea fan heard. Eddy wie bliid dat it net de Lion King wie mar siet wol mei 4 kaarten. Gelokkich trof hij Jelte de Boer yn de kantine en dy woe graach nei de Kings of Leon ta. Wij hawwe begrepen dat Eddy no wol kaarten hat foar Pearl Jam.
Appie
Appie Posthumus begjint ek wer te flagjen sa liet hij ús witte. Net bij SDS mar bij Feanwâlden. Kommende sneon makket hij syn debút. Hij begjint ûnderoan dêr en sil dan ek Feanwalden 4 flagje. En dy moatte sneon thús tsjin SDS 5. Wij freegje ús ôf at dit wol goed komt.
SDS 3
SDS 3 hat justerjûn it seizoen op gepaste wize ôfslúten yn de Jimbar. Yn de Jimbar waard genoten fan in hearlike Sjineeske Rystafel fan De Happy Family en in fustje bier(of twa of trije). 3 mannen waarden noch efkes yn it sintsje setten. Haadsponser Jelle de Jong krige it boek “Van miljonair tot krantenjongen” en fêste skeids Friso Albada en trainer Harm Abma it prachtige boek fan Hugo Borst “Alle ballen op Heintje“.
Kamstra
Sneon stiene der twa Kamstra’s op it doel bij de senioren fan SDS. Harm Jan bij SDS 2 en Klaas bij SDS 5. De oerienkomst: Beide krigen twa doelpunten tsjin.
Meksikaanse gryp
Neffens ús hat de Meksikaanse gryp in soad fan de gewoane Fryske gryp, mei as bykomstichheid dat je der allemachtich fan begjinne te spugen………….