Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
20 maart 2005
Wepperkes -tiisdei-
21 maart 2005

Merci
Dat Franske wurd hat de jeugd fan SDS dit wykein leard. Mei faasje hawwe se besocht safolle mooglik fan dy hearlike sûkelaatsjes oan de man/frou te bringen. Ek by de wedstryd SDS- Nijlân wiene
sommige aktyf.

Yn Skotlân
Dirk-Yde sit no alwer in wike yn Skotlân. Hy lit ús witte dat hy eltse moanne in stikje foar de Treffer skriuwe sil om ús op de hichte te hâlden. Jimme kinne op de webside fan it Dophok sjen dat hy him yn Skotlân net ferfeeld(klik hjir).

Rjochtsette
Rinse Joustra jout ús wol gauris in nijtsje troch. Dat is fansels prachtich. Mar dat wol net sizze dat it altyd om him giet. Sa seinen wy earder dat de filmkes yn Newcastle troch him makke wiene. Dat wie foar him helass net sa. Frans Pieter Terpstra (earder SDS 3 en 4) hie se makke.
Ek makken wy snein melding fan sjurtsjes dy’t net wosken wiene. Dat wie gelokkich syn skuld net. Evert Tanja, de ûnfolprezen lieder, hat wierskynlik net goed kommuniseerd mei Djoeke, want dêr wie de tas mei sjurtsjes smorach stean bleaun.

Publyk
By SDS 1- Nijlân wie in protte publyk. By F5 tsjin LSC wiene
hast like folle. Sy hiene in protte wille om de kapriolen fan de jongsten

SDS 2
Tsjin de koprinner helle SDS 2 3 prachtige punten. Klaas Pompstra hie dêr sa syn eigen tinzen oer:  
Lokwinske mei de winst op de fiskersmannen fan Urk. Se binne brocht mei in djoere (reade) bus, ophelle mei in djoere witte bus en de djoere punten ha se lizze litten.
Wat hja wol mei namen wie in fiskersbak grotfol bier yn it iis.
Foar de illustraasje noch in
aksjefoto

C2
Dy selde Klaas Pompstra wol ek de kompliminten noch efkes oerbringe op C2. Earder gie it dêr net goed mei. No wol sa te sjen.
Fan C2 soe no ek kopij komme moatte.
Dizze ploeg is nei in mindere start útgroeid tot in moai team wêr se wat foar inoar oer ha.
Hjoed wûnen hja mei 11-1 fan Sc Joure. Neist it hieltiid bettere spul giet men ek goed mei elkoar om. 
Ek op de training wolle de mannen nog mear leare en wurdt der noch mar in bytsje ôfhoerd. Mar dat kin neat skele.
We moatte foaral wat wille ha en as we dat ha kinne en ek noch wat leare is it hielendal klear. 
De kompliminten oan de spilers en lieders fan C2 foar de prestaasje fan hjoed.
Gean sa troch mannen.

C1
Klaas Pompstra is ek lieder fan C1. Hy soarget altyd gelyk foar in
wedstrydferslach 

De takomst
Sneon spile SDS B 1 tsjin Heerenveen B2. Tagelyk waard ek de wedstryd Heerenveen A1 tsjin PSV A1 spile.
SDS stie mei rêste mei 1-2 foar en PSV mei 0-1. Uteinlik wûnen beide topploegen mei 2-3. Yn de bestjoerskeamer siet Tjeerd as lieder fan SDS B1 mar ek Pieter Bijl en Henk Herder as trainers fan Heerenveen A1. Sels de foarsitter (Riemer) wie oanwêzich.
Tjeerd naam foar ús
in programma mei en woene dêr mar in fraach oan fêst koppelje. Hokker spiler mei wat fan eksotische namme ek, fan Heerenveen A1 of PSV A1 sil as earste syn debút yn it earste meitsje. Wy ferwachtsje fan Jappie, Jan Simon, Harm Auke en Gert Jan yn alle gefallen in miening oer PSV. Fan de rest in miening oer it Fean. info@vv-sds.nl