Wepperkes -moandei –

Sfearfoto’s SDS-Zeerobben
7 november 2004
Wepperkes -tiisdei-
9 november 2004

Tas kwyt

Dit mailtsje krigen wy fan in Hendrik de Jong yn trienen:
goeie moarn,
sneon, it wie in ure as 8 hjoens.we hiene ff in pear kocht en it wie tiid om nei hus te gean. dus ik sil mien tas pakke, mar wer ik ek socht, hij wie net te fienen. der stoenen nog wol 3 oare tassen die enorm op die fan mij lieke!! no is mien fraag: wa hat perungelok mien tas mei naam?
Hij is swart mei in wyte streep der op!!! yn it syd fakje sit wat roekes goat en wat gel!! yn e tas sitte 2 pear foatbalskuon 2 pear fuotbalsokken, skeenbeskermers, in slipke(smarch) in craft shirt en in handoek!!
dus wa thus san tas hatmei disse ingredienten soe disse persoan him dan ff melde wolle bij hendrik de jong!!
bvd
hendrik,
PS: soe disse persoan him dan sa snel mogelijk melde kinne? oas kin ik hjoen net traine en dat soe echt in ramp weaze!!! (foaral op mandei)


Doelpunten
It is sneontemiddei goed 5 oere altyd in aardichheid om de doelpuntenmakkers te efterheljen. Oan sommige spilers hoege je it net te freegjen. Dy binne der wol by west, mar hawwe gjin idee wa’t se makke hawwe. Se binne der ek by dy melde it sels wol. Sa wist Harm Auke Dijkstra krekt te fertellen dat troch syn twa doelpunten, de iene fan Hendrik, de iene fan Gearard en de 0 fan Ype dat sy mei har fjouweren gelyk stiene. En warimpel it kloppe ek noch. It is allinne wol sa dat doelpunten yn in heger alvetal yn dat gefal ek heger wurdearre wurde. Mei oare wurden. Hendrik de Jong stiet op 1, Harm Auke op 2, Ype op 3 en Gearard op 4. De komplete list stiet by senioaren.


SDS 1 spilet kater fuort
SDS 1 wûn sneon mei 3-1 fan Zeerobben en pakte dêrmei de kop wer yn ‘e 2e Klasse. It ferslach fan Wichard kinne jimme
hjir lêze.

Knollentuin
By Zeerobben hawwe se sûnt koart in kuenstgersfjild. It fjild is dan altiten like droech en flak. De ferslachjouwer fan Zeerobben  spruts yn syn ferslach fan in knollentuin. No sil it wol net like flak west ha, mar wy freze dat elk fjild bûten Harns dizze omskriuwing krijt.

 

Verbeekveld

Verbeek de trainer fan vv Heerenveen hat in goeie hân fan wikseljen. Ynfallers jouwe faak in assist of skore. Tsjin Zeerobben waard Harm Stremler de twadde helte ynbrocht en hy skoorde.

Oan de kant waard al sputsen fan in Gert-Jan Verbeekveld-wiksel.

Kâlde as gjin kofje?
Tijdens de rust  de koffiepot te vroeg leeg,resultaat  geen bakkie leut voor enkele mensen. Met de mededeling “om maar een pilsje te bestellen” nou net niet een boodschap om warm van te worden. Groetjes Minne,die na de wedstrijd maar een extra kop koffie bij zijn Marie  heeft genuttigd.

Folle kantine
It wie sneon wer drok op it sportpark. Ek nei ôfrin fan de wedstriid wiene it allegear minsken yn de kantine. Meastal binne der glêzen te min, mar dizze kear ek stuollen. SDS 3 spilers joegen harren del yn de hoeke op de grûn. Dennis Dijkstra hie noch net meidien mar kaam wol efkes belansgtellend lâns om te freegjen hoe’t it gien wie. Mei in stoel en in bierke.

Geintsje
As je nochris in geintsje op je wurk úthelje wolle dan is dit miskien aardich. Tink der wol om dat der aardich tiid yn sit om alles yn te pakken.