Wepperkes -moandei-

Winterprogramma SDS 1
9 december 2007
SDS League: FC Arquen pakt wykpriis!
11 december 2007

Nijs!
Wy ferwachtsje fan ‘e wike mei wichtich nijs komme te kinnen fan it SDS-bestjoer en fan de sponserkommisje. Hâldt de webside dus goed yn de gaten!

Programma
It programma foar kommende wike is net sa grut. Sjoch hjir mar ris(klik hjir).

Wepsponser
No ’t ús haadsponser foar de webside, Fotopersburo JRF, op 1 jannewaris ophâldt mei it sponserjen fan ús webside sykje wy in nije haadsponser. Wa ’t belangstelling hat kin mear ynformaasje krije by ús. Mail nei info@vv-sds.nl!

Fan “beneden”
2 wiken lang hawwe wy neat heard fan Dirk-Yde Sjaarda fanút “Down Under”. Wy snappe no wêrom. Hy hat dêr 2 wiken bealche om oan sinten te kommen. No ’t hy de sinten hat, steane der yn ien kear 2 froulju op de stoepe(hoe kin it ek oars?). Fansels lyk de hiele planning yn de soep. Lokkich genôch hat Dirk-Yde der net in tel minder wille om. Klik hjir om syn ferhaal te lêzen.

WK 98
Nei de filmkes oer 1974 wolle wij dit tema noch efkes trochsette. Yn 1998 wie der ek wol wat te fertellen. Hiddink hie it der mar drok mei. Sjoch
hjir.

SDS League
Fannacht kinne jim hjir de nijste stân besjen.

Sitaartsjes
Sa no en dan komme wy wolris in aardich fuotbalsitaa(r)tsje tsjin. Dizze hearden wy juster:
Berti Vogts: Seks voor de wedstrijd ? Dat moeten mijn spelers zelf weten, maar tijdens de rust kan het niet.

Balbezit
Dit hearden wy juster yn de rust fan SC Heerenveen – FC Grins yn de kantine fan it Abe-Lenstra-stadion:
In “boer”:
“Moast ris sjen(wizend nei it beeldskerm) Heerenveen is better, stiet mei 4-2 foar wylst Grins 55% balbezit hân hat”.
Syn maat:
“Dat is dochs logysk. Sy moatte om it hutsje dy bal út it net helje”.

Wereldbeker
Dy Wereldbeker foar klupteams dy ’t fan ‘e wike ferspile wurdt kin ús wol stêllen wurde. Wol hoopje wy dat Boca Juniors wint. Wêrom? Dêrom(klik hjir).

Yn de war!
Mochten jimme Enne-Jehannes Bruinsma net berikke kinne fia de e-mail of fia de tillefoan dan kin dat kloppe:
Photo

Hawwe jim nijs, kommintaar, opmerkings, oanmerkings, iets wat jim fan it hert moat, rektifikaasjes, iets aardichs, mail it nei dizze adressen.