Wepperkes – freedtemiddei –

SDS 5 is kampioen
29 april 2004
Knuffelje mei SDS 5
30 april 2004

Op ‘e fyts nei Boalsert
Wa moarn op ‘e fyts nei Boalsert wol en net allinne fytse wol kin om 13.45 oere fersamelje by de Skoalleseize. De reis giet oer Hartwerd nei Boalsert. De route foar de weromreis is noch net dúdlik.

Kampioen

It wurdt sneon wer in spannende dei foar in protte SDS alvetallen en sântallen.

Nei de kampioenskippen fan Futsal 1, SDS 2 en SDS 5 lykje der noch folle mear kampioenskippen oan te kommen.

Bygelyks: wint SDS1 en spilet Be Quick Dokkum gelyk of ferliest dan wurdt it fansels grut feest.

Sjoch nei F2: sy spylje thús (9.15 oere) tsjin Scharnegoutum en by winst it it kampioenskip binnen .

Sjoch nei E1: moatte nei WZS E1. Winne se sels en LSC harren konkurrint ferliest in punt binne ek sy kampioen

Sjoch nei D1: Sy steane 7 punten foar op de neiste konkurrint. En mei noch 3 wedstriden te spyljen hawwe sy oan ien oerwinning genôch. Sy spylje sneon út tsjin Aldehaske.

 

En der lykje noch mear oan te kommen.

SDS3 is noch yn de race, F2, is der hiel ticht by en ek E4 en D2 hawwe noch folop kâns.

 

Sportive redaksje

De redaksjeleden fan de Treffer binne net allinne skriuwers oan de kant. Sy binne ek sportyf dwaande. Willem en Durk kampioen mei SDS 2, Sjoerd hast kampioen by SDS3 en Aant mei SDS 5. Meinte draaft en rint him it laplazerus. De froulike redaksjeleden Hinke en Metsje litte it noch wat sitte.

Metsje is noch mar krekt redaksjelid en moat har sportive “drive”noch fine mar Hinke is dwaande mei in ynhelslach.

Bekind wie dat se op har trijetsjinmotor sportyf oan it toeren is, dêr is no ek it rinnen by kommen. Binnen ien wike twa kear in tocht fan hast 15 kilometer. At dit mar net ten koste giet fan har redaksjewurk.

 

Harm Abma

De ôfrûne wike is Harm Abma slagge as trainer/koach 3 jeugd. Fan herte lokwinkse fansels.

Harm sil ek takem jier B-1 traine.

 

Jeugdtrainer

De speurtocht nei in jeugdtrainer is noch altiten yn folle gong. Der wurdt al net mear regionaal socht mar ek nasjonaal. De folgende stap is de grins oer.

Spitich.

 

Sportspotsjes en Langs de kant

SDS  stiet in protte yn de belangstelling dit jier. Dat komt troch goeie resultaten en in positive útstrieling. Dat komt ek omdat de Ljouwerter Krante nocht hat oan de stikjes fan SDS. Hast alle wiken wurdt de krante opsierd mei in grappich stikje. Foar wa’t de krante net lêst (hoewol wy ús dat foarstelle kinne, want allinne hjir troch soene je al in abonnemint nimme)  en wa’t wat mist hat: alle stikjes steane ek op dizze side. By Treffer steane twa rubriken: Langs de lijn en sportspotsjes. Altiten leuk om dy grappige saken noch ris troch te lêzen.

Net keatse
It belang fan de wedstriid tsjin Bolswardia wurdt goed ynskatten. Der binne seker 2 oant 3 partoer minder yn Easterein want de seleksjeleden fan SDS1 keatse freed net. At it yn Wommels ek partoeren skeeld is mar de fraach. Gert Jan Hiemstra kin wol keatse: hy is skorst.