Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
16 juni 2005
Wepperkes -sneon-
18 juni 2005

Feest
It wie te ferwachtsjen. Mei de feesten en twa webmasters út Wommels giet it fansels hjoed oer it feest.

Klassemint
It giet dit jier net sa hurd mei it  E.E.O.K.K. (earste echte orisjinele kransen klassemint). It gie sels sa langsum dat de webmasters besletten hawwe der sels ek mar foar te gean.

Twadde omloop
Willem Wijnia mei Paul de Boer en Namkje Koudenburg moasten tsjin Anna-Marie Wijnia (de mem fan..) Douwe de Boer (de neef fan …..) en Aant Hofstra ( webmaster).
De individuele belangen wiene tige grut: Willem koe by winst syn mem ynhiere om de hiele middei mei Tom yn botsauto’s , Douwe koe by winst it melken útbestede oan Paul en Aant koe by winst it webmasterjen oerlitte oan Willem.
It waard in makkie foar it âldste team. Willem hat in leuke middei hân yn de botsautos.

6 SDS-ers yn de finale
De finale hie in grut SDS gehalte: Jaring Dooper (lieder) Appie Posthumus (grinsrjochter) en Bas de Haan (superspits fan SDS 5) tsjin Douwe de Boer (B1) , Anna Marie Wijnia (kantinetsjinst) en Aant Hofstra (SDS 4) . It waard in prachtige finale wêryn Appie Posthumu sjen liet dat hy noch linich is mar helaas mei 5-5 6-2 ferlear.
Dit betsjutte tagelyk dat ien dan de webmasters de earste krâns binnen hat.

Keatsfoto’s
Der binne fansels ek in protte aksje foto’s makke tidens dit keatsen. Jim kinne se sjen op
www.freuledei.nl 

Oare foto’s
Op de side fan
Jaring Rispens binne ek oare foto’s fan it feest te sjen. 

Slagge
Der binne wer hiel wat bern slagge foar ien of oar diploma. By de famylje Postma oan de van Sminealeane yn Wommels moast in stevige flaggestok it wurk dwaam. 3 tassen hongen der oan. Aaltsje, Eeltsje  (B2) en Gerrit wiene slagge.