Wepperkes -tongersdei-
19 mei 2005SDS League: November Rain pakt de kopposysje!
21 mei 2005Nijlân 1 te keap!
Op de webside fan Marktplaats stie in nuver skilderij te keap. It gie om in “stilleven” fan Bob Ross(alias Rob Bosch, trainer fan Nijlân 1). Sjoch op de webside fan ús freonen fan Versuiteigenoven foar it komplete ferhaal(Klik hjir).
Wat moatte wy no sneon?
No ’t de teams fan SDS sa goed as útfuotballe binne moatte je op sneon wat oars útfine. Wat ús betreft hoege je noch net mei de frou de stêd yn mar geane sneon moai nei in wedstriid yn de neikompetysje. Hjir in oersjoch fan de wedstriden:
* Neikompetysjes Senioaren sneons (klik hjir)
* Neikompetysjes A-junioaren (klik hjir)
* Neikompetysjes Senioaren sneins (klik hjir)
Tips fan ús kant binne foar sneon:
-Leeuwarder Zwaluwen-Knickerbockers (Beslissingswedstriid om te degraderen út de 1e Klas op it fjild fan Drachtster Boys)
-Mulier-Trynwâldster Boys
(Neikompetysje senioaren sneons)
Wat moatte wy sneon?(2)
SDS 3 spilet sneon tsjin Read-Geel syn lêste wedstriid. Dizze wedstriid is yn Ljouwert. Nei dizze wedstriid kin de flagge út en sille de mannen fan SDS 3 wol in feessie boue.
Stân SDS League
It hat nogal wat fuotten yn ‘e ierde om dizze wike de stân fan de SDS League foarelkoar te krijen. Wy witte dan ek noch net wa as nûmer 1 stiet. It sil wol sneon wurde foar as it hielendal klear is. In grutte kanshawwer foar de wykpriis liket ús Der PhanTom!
Moaie foto’s út Opeinde
Wy hawwe noch inkelde foto’s lizzen fan ôfrûne sneon dy ’t wy û.o. krigen fan de webmaster fan ONT, Sjouke Walinga. Tige tank hjirfoar. Miskien kinne wy folgend seizoen nochris wat foto’s útwikselje. Dan moat ONT al goed syn best dwaan yn de neikompetysje.
Hjir de foto’s:
Dizze foto stie tiisdei yn de Drachtster Krante.
Jacob-Klaas kopt de bal fuort. De broek fan Dirk-Yde is krekt net te sjen.
De spilers fan ONT gean in feestje bouen mei de mannen fan ONT 2.
Harm lokwinsket Kees Adema mei syn geweldige prestaasjes dit seizoen.
Wichard mei syn lêste skot foar SDS 1.
Minne Modderman oerhannigt Gert-Jan de kampioens-skaal.
(Dizze foto waard makke troch Jan de Jong)
Letter mear!