Wepperkes -freed-

Opstellingen SDS 1,2,4 en 5.
5 november 2004
Kwiswepperkes
5 november 2004

Futsal: Ek SDS 3 ferliest
Nei SDS 1 en 2 hat ek SDS 3 woansdei ferlern. SDS 3 ferlear mei 11-4 fan Lemsterland 3. Foar SDS skoorde Jacob 4x.

De Treffer
As alles goed giet dan falt hjoed as moarn de nije Treffer by jimme op ‘e matte.

Fraach foar de Kenniskwis
Út Nijlân kaam noch in moaie fraach foar de Kenniskwis:
Oer hoefolle wedstriden giet in perioade?
Ate

In ein fuort
De lotting foar de beker yn ‘e seal is ek dien. SDS 1 mei in ein fuort. Sy spylje op freedtejûn 19 novimber om 19.00 oere yn Winschoten tsjin WMC. WMC komt út yn ‘e Haadklasse en stiet dêr yn ‘e middenmoat.

Twa kear?
Yn ‘e wike dat SDS op freed nei Winschoten moat foar de beker, moatte sy ek foar de kompetysje. De KNVB hat de wedstriid tsjin Workum fêststeld op woansdei 17 novimber. In drok programma dus.

Super
Op it momint haw ik it aardich drok en kin ik wol wat help brûke. It skeelt al dat beppe sa goed helpt.

Lit beppe mar sjouwe!

Doelpunten
Klaas Pompstra hâldt foar SDS alle doelpunten by. Hjir syn ferslach.

We steane op 417 doelpunten, dat is san 61% fan it neijier fan 2003. Mei noch 4 – 5 wedstriden foar it winterskoft te gean komme wy miskien wat leger út. Mar…..miskien hawwe de measte teams meinammen de dreechste tsjinstanners hân en begjinne we no te skoaren. Sukses allegearre…..en tink der om….Sterk Door Samenspel. De B1 bliuwt it goed dwaan. Mei 42 goals litte hja no in kear de E’s en F’s efter har. De posysje op de ranglist is noch foar JV Bolsward mei selde punten mar 62! goals. Ek de A1 en B2 begjinne mear te skoaren en noch wichtiger te winnen!
Fan de senioaren is SDS 4 de bêst skoarjende ploech mei 28 doelpunten.
Ek opfallend is dat de trije C-teams by inoar stean mei 39 doelpunten. Wer dat oan leit? Drege kompetysje? Net (makkelik) skoare kinne? We bliuwe it folgjen.
Ek de E-1, E-2 en E-3 har it dreech. Allinnich E-4 stiet heech yn de list, op it 2e plak efter de B1. Miskien allegear talinten? Of allinnich Joost Verheus?



Mear wepperkes?
Hawwe jimme noch wat foar op de SDS-side? Mail it efkes nei
info@vv-sds.nl!