SDS League: Feenstra Boys pakke de titel!
19 mei 2004Programma SDS dizze wike
24 mei 2004Neikompetysje(1)
Nijlân docht it noch altiten poerbêst yn ‘e neikompetysje. Tiisdei wûnen sy út by VNV en stean no yn ‘e finale om in plak yn ‘e earste klasse. Moarn fuotbalje sy yn ‘e finale om 14.30 oere yn Opeinde op de fjilden fan ONT tsjin CVVB út Bedum. Wy winskje Nijlân in protte sukses!
Neikompetysje(2)
It is noch altiten net dúdlik wa at der mei SDS promofearret nei de twadde klasse ta. Moarn giet de finale fan ‘e neikompetysje tusken Hurdegaryp en Bûtenpost. Wy winskje Bûtenpost in soad sukses!
Fjochterij
Juster wer in nij djiptepunt yn it amateurfuotbal. De finale fan ‘e beker tusken Sneek en Harkemase Boys koe net útspile wurde troch fjochterij om it fjild. Neffens ús wie dit de oanlieding:
Aaauuuuuwwwww!
Nije Treffer!
Foar je gefoel is de lêste Treffer noch mar krekt út en dan komt de nije der alwer oan. Dat klopt. Jimme kinne jimme stikjes dit wykein noch ynleverje. Yn ferbân mei it jubileum fan de KF yn Easterein mei it ien dei langer duorje. Mail jimme stikken nei info@vv-sds.nl
Is it wat?
By SDS 5 binne de spilers al wat âlder en dêr heare bepaalde klachten by. Jo moatte ris faker pisje. Soms net mear as in romerke fol. Ek moat je wolris wat langer stinne om dat puntsje ûnder út de rêch te krijen. Ek tidens de wedstriid kin dit wolris foar lang opûnthâld soarchje. Om dit lange opûnthâld wat yn te koartsjen hawwe sy by SDS wat nijs. Sjoch sels!
In gat yn ‘e merke!
KF Easterein
Ek wy woenen hjirby de KF fan Easterein nochris fan herte lokwinskje mei hun 100-jierrich jubileum. Juster in skitterende revue sjoen. Ek de rest fan it feest kin net mear stikken. As lyts kadootsje hjir nochris it adres fan hun nije webside: www.KFEasterein.nl