Wepperkes (freed)

Kom SDS A1 steunen!
9 april 2004
SDS League: De ideale elf
9 april 2004

Sla de pinguin!
No at eltsenien wat frij is sa rûn Peaske, docht bliken dat al in soad minsken it spultsje dien hawwe wat eins foar SDS 2 foar Peaskemoandei bedoelt wie. It komt no goed út want SDS 2-Flevo Boys giet Peaskemoandei gewoan troch om 14.30 oere. Wy hâlde dit wykein de stân efkes by fan it pinguin spultsje. Hjir kinne jimme it spylje: Sla de pinguin.

Stand:
1. Wichard Deinum 355,3 meter (ik heb de pinguin 355.3 meter vergeslagen en niet 325 meter)
2. Jacob Klaas 325,1 meter (“hoi, met Jacob-Klaas, ik hew sakrekt die pingwin 325,1 meter fut slagen”)
3. Henk Postma 320 meter
4. Jeroen Brouwer 275 meter
Mail nei info@vv-sds.nl at bliken docht dat jimme yn oanmerking komme foar de earste fiif. Skilje mei ek.

Startpagina wat?
Sa yn ‘e boks nei it trainen hawwe je it oer fan alles. By SDS 2 hienen se it ûnder in genot fan in fleske Bavaria(mei tank oan Gerrit T.) oer ynternet. De measten hawwe fansels as startpagina www.vv-sds.nl ynstelt. Der wie, sa as altiten, fansels ien útsûndering. Auke Buck melde dat hy as startpagina hie: startvagina.nl!

Nij sportpark
Der giet praat dat der yn Snits in nij sportpark komt. Hjir komt ûnder oaren in sporthal te stean, in hurdrinbaan wurdt der dellein en de fuotbalklubs Black Boys en Waterpoort Boys komme der te fuotbaljen. De namme foar it nije sportpark is der al: It Skuttersplak. By SDS 2 wisten sy wol werom. It park komt nêst de Aldi te lizzen en yn de kantine wurdt allinne Skuttersbier skonken.

Appie promovearret ek
Mocht it sa wêze at SDS 2 promovearret nei de 1e klasse dan giet fansels de grinsrjochter, Appie, mei de earste klasse yn. Dit hâldt allinne al wat yn. Appie sil in ekstra kursus folgje moatte en hy sil sneons in zwart grinsrjochterpak oan hawwe moatte. Ek mei de tillefoan net mear mei it fjild op en mei der net smookt wurde yn ‘e rêst. Wy sille folgende wike ris besykje hoe ’t Appie sa ’n moai pak stiet.

Opstelling SDS 4
Lieder E.T. fan SDS 4 sjocht nea op ynternet. Dat komt omdat hy gjin kompjoeter hat. It is dan ek net slim dat wy de opstelling fan SDS 4 hjir fermelde, wylst hy dat leaver net hat. De redaksje wist tongersdeitejûn beslach te lizzen op syn oantekeningen en wist it folgende der út te heljen:

Doel: ET
Yn it fjild: RD, TH, PK, TdJ, BdH, KM, PvdV, JK, GP, HPO,
Bank: BvdW, JH
Fluit: RJ

De opstelling en it systeem


Der sil spile wurde yn it systeem blok-rûntsje -blok mei dúdlike rinlinen. Alteast dat hellen wy út syn oantekenings. Der waard lykwols letter sein dat wy net it systeem yn byld hiene, mar in túnûntwerp fan Gaardenier .