Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
2 maart 2006
Wepperkes -sneon-
4 maart 2006

Ôflast?
It is gjin fraach mear! De KNVB hat foar moarn alles ôflast yn it Noorden. Sjoch hjirfoar de websides fan de KNVB en teletekst(nr.603)

Traine of sniebolje?
Troch SDS 1 en 2 wurdt der moarn om 13.00 oere traint(of sniebolle!) yn Easterein.

Krekt as ferline jier?
Hoe soe it komme sneon? Giet it wol troch. Of giet it krekt sa as ferline jier? Op 4 maart 2005 stiene der
sniewepperkes op de side. Dat kin no hast wer.

Riden sjen of kaarte?
No it sneon allegear ôflast is, wat moatte wy no? Dochs net wer nei de stêd mei de frou!
Of krije wij in spontaan ynlaste  kaartmiddei yn de kantine? Wij binne benijd.

Wedstrydsponsors
Dit soenen de wedstrydsponsors fan moarn wêze:
Brouwer Schilders:
Dit eenmansbedrijf is sinds ruim 6 jaar aktief in en rondom Wommels en bestaat uit Anne en Jeroen Brouwer.
Brouwer Schilders richt zich op schilderwerk/behangen in de nieuwbouw, het onderhoud en de renovatie.
Bouwbedrijf Landstra in Sneek.

De Treffer
Hanzedruk hat tige syn bêst dien en hat er foar soarge dat de Treffers fan maart al klear binne. De kommende dagen komt dy yn de bus of leit hij klear yn de kantine.

Ingelsen yn Dútslân
Kommende simmer docht Ingelân ek mei yn Dútslân at de sterkste fuotballannen elkoar treffe yn Dútslân. It is te hoopjen dat se fan te foaren noch wat Dúts leare want it Ingels fan Dútsers is net super. Sjoch
hjir.

Skraabje!
It wie fanmoarn flink skraabjen nei al dy snie(sjoch hjir)!