Wepperkes

SDS 2 kin sneon 1e periode pakke
16 december 2003
7-5 Dat stiet goed
17 december 2003

* De nije trainer hat eltsenien wol dwaande hâlden. De ôfrûne wiken seachen der hiel wat minsken op de webside om te sjen at der ek nijs wie. Forige wike hienen wy oer de hiele wike sjoen 800(!!) besikers. In nij rekord fansels. Juster behellen wy in nij dei-rekord. Der kamen juster 149(!!) minsken op de side sjen.

* Ek de “Anne Brouwer” fan Ouwe Syl sjocht wolris op de webside fan SDS. Dit mailtsje krigen wy fan him:

Geacht bestuur,

Van harte gefeliciteerd met het maken van een prima keuze. Ik weet zeker
dat Lykele veel van jullie zal vragen,
maar hij zal zeker heel veel aan jullie teruggeven.

Tot het nieuwe seizoen maken wij nog gebruik van hem.

Tot ziens in het nieuwe jaar,

Ids Grond
leider Ouwesyl 1

* Der binne mear minsken yn Fryslân dy hearden dat wy in trainer sochten. Út harekietenlân krigen wy in mailtsje dat Jan ten Hage (foarhinne under oare De Westerein, Urk en no ESC) noch net mei Harkemase Boys yn gesprek is foar in baan as haadtrainer. Miskien kin hy Lykle Bleekveld kommend seizoen bystean as assistint-trainer?

* As assistint-trainer foar kommend seizoen komt yn elts gefal Bert Hollander (no De Jouwer) net nei Easterein. Hy hat bytekene by De Jouwer.

* Wy witte noch net hoe ’t wy as SDS webside de kommende wiken trochkomme moatte. Wat moatte wy dwaan yn dy wiken sûnder fuotbaljen? In kwis, wat alde doaze gefallen, keatsnijs of geweldige roddels. Sizze jim it mar. At jim wat hawwe, mail it ús!