Wepperkes 2de krystdei

Wepperkes 1ste krystdei
24 december 2006
SDS League: Âld-SDS trainer pakt de wykpriis.
27 december 2006

Krysttoernoai Frentsjer
De futsallers fan SDS binne juster yn Frentsjer net fierder kommen as de kwartfinale. Yn dizze wedstryd wie Plus van Zuuk te sterk. Moarn kinne jim hjir in wiidweidich ferslach lêze fan Gerard van Asselt. It komt fêst wat letter want it bleaun justerjûn noch lang ûnrêstich yn Frentsjer.

Doelpunt fan it jier
Wij fregen ús op 1ste krystdei ôf hokker SDS doelpunt yn 2006 it measte bijbleaun is. Wij krigen al twa reaksjes mar ferwachtsje noch folle mear. Mail ús jim doelpunt.
De moaiste fan Dirk de Jong:
de moaiste goal fan it 3e is makke troch Jentsje Jorritsma, it wie in strakke foarset van in spits fan Makkum, Jentsje naam em fol op de slof en skeat om oer Jappie hinne strak yn it krûs, wat mij betreft wie dit it moaiste doelpunt.
Ik bin benijd hoe de oare mannen fan it 3e hjir fan tinke, at se it hun nog foar de geast helje kinne. (de alderein dan, foaral foar lieuwe). sorry lieuwe.
groetnis dirk
De moaiste fan Jaap Toering

Tsjalling Sikma, neffens my wie it de 3-0 thús tsjin QVC..Een volley yn de krúsing..Groeten Jaap Toering
 
Easterein Rocks

Fan Fred Scheltema krigen wij noch in nijsgjirrich stikje wat neat mei fuotbal hat mar wol mei in protte âld fuotballers
Easterein liket soms wol it Volendam fan Fryslân. It is hast net te leauwen hoefolle minsken út ús doarp wat dogge yn de popmuzyk. Easterein hat in lebendich bandsjekultuer. En no foar it earst sille dizze muzikanten har talinten toane op ien poadium. Leden fan bands as Special Treatment, The Secret, Sebeare, Common Brain, Bad Obsession, Bacon and Bones en No Rules geane, yn ferskillende gearstallingen, in ferrassend repertoire op de planken bringen. Dit unike barren fynt plak op 10 february fanôf 22.00 oere yn Kafee Bergsma, en  hiel Easterein is wolkom. De yntree is mar 5 EURO.

 

Petje op petje af
Fred en Aant binne al drok dwaande om leuke fragen te betinken foar de kwis ronde foar it publyk op 6 jannewaris: petje op / petje af


It ferskil is bij sommigen dan goed te sjen

 

Nijs
Hawwe jim nijs, leuke tips en oars wat mail it nei
ús adres.