Wepperkes 1ste krystdei

Wepperkes -snein-
24 december 2006
Wepperkes 2de krystdei
25 december 2006

In noflike Kryst!
Wy as wepmasters winskje eltsenien fansels ek in noflike Kryst. Ien fan de 2 webmasters hat spesjaal hjirfoar in dûnske ynstudeare(klik hjir).

Giet SDS troch nei de kwartfinale?
Sneontejûn wie SDS aktyf op it futsaltoernooi yn Frjentsjer. Us razende reporter Gerard fan Asselt wie der fansels by as leider(mei Samme) en makke
dit ferslach. De foarrondes geane twadde krystdei fierder en de stân fan saken kinne jim hjir sjen.
Programma SDS tiisdei 26 desimber
10.07                             
SDS – Prinsb./v.Dellen
11.12                             
SDS – Rijsch. v.d.Harst
12.04                             
SDS – De Trije
13.09                             
SDS – Autow. Dijkstra
De 1/8-finale wedstriden begjinne om 13.45 oere.

SDS League
Wy hawwe de nijste stân fêst klearmakke. Nei de krystdagen kom hy hjir op de side te stean. De wedstriden fan 2e krystdei wurde opteld by dy fan kommend wykein. Nei it wykein komme wy mei de einstân fan de 1e helte fan de SDS League.

Doelpunten
Klaas (Frederikstadt) Pompstra is ús doelpuntenstatistikus. Hij hat wer in kreas oersich makke.Ik ha de doelpunten wer op in rige setten. Mei 3 teams minder dan ein fan it foarige seizoen ha we ek minder skoard. Mar leafst 47 doelpunten minder as it ferline neijier. Boppeoan ús ienige kampioen E4 mei 85 doelpunten. Der binne noch 2 teams die meidogge om it kampioenskip, A1 en it 3e.As  we nei it rjochterrigje sjogge dan ha in oantal teams it swier.


Moaiste doelpunt fan 2006
Klaas frege him ôf wat it moaiste doelpunt fan 2006 west hat. Dat is in drege fraach wêr’t wij fansels gjin antwurd op witte. Miskien kinne jim noch in moai doelpunt foar de geast krije. Wie dat ien fan de 10 fan Wiebe Heeres (in tige bekinde kwisfraach) of dochs mar in doelpunt  fan Ype of Wichard of Dirk of Durk of Dirk. Mail ús op
dit adres.

SDS’er derop út
Pieter Kamstra hat foarige wike yn Berlyn west en hat dêr de wedstryd tusken Hertha BSC en Eintracht Frankfurt sjoen. Yn it prachtige Olympiastadion fan Berlyn seach hy in draak fan in wedstryd. Ien dizzer krystdagen sille wy jim de foto’s sjen litte.

Lifterkes
Us foarstelrontsje snein fan de lifters levere al in pear reaksjes op:
Teade de Boer makke yn 2006 syn debút op
oeufpoupée. Ek yn 2007 docht de Johannes D. kernermer Show wer mei.
Teade hopet yn Frankryk ynspiraasje op te dwaan foar nije lieten en fansels op wat optredens te regeljen sadat de ynternasjonale trochbraak net lang mear útbliuwe sil.
Fokke en Sukke: Der kaam op it lêste momint noch in oanmelding binne kommen fan BN-ers.
 

Grapkes oer Feyenoord
Ien fan de wepmasters set mei genoegen de grapkes oer Feyenoord op dizze side. De oare sjocht dat mei ûleagen oan. Om no grapkes oer Ajax der op te setten is wat flau. It fermelden fan de rêststân (0-2) en de einstân (4-2) fan Vitesse- Ajax is yn dit gefal it beste antwurd.  

Nijs
Hawwe jim nijs, leuke tips en oars wat mail it nei
ús adres.

Letter hjoed mear!