Wepperkes

Nije sponsor
27 januari 2004
De bank fan SDS
27 januari 2004

Punten yn mindering
Yn ‘e stân fan de A-junioren foel ús iets op. Der stiet in stjerke by SDS A1 en dat seit dat sy 3 punten yn mindering krigen hawwe. Sy hienen al net in soad, mar hâlde no noch mar 7 punten oer. No binne wy al benijd werom at sy punten yn mindering krigen hawwe. Wa it wit kin maile nei; deTreffer@vv-sds.nl

Kompetysje
SDS 1 begjint folgende wike sneon(7 febrewaris) de kompetysje wer mei in útwedstriid tsjin Makkum. Dizze wedstriid is krekt foar de winterstop noch ôflast. De oefenwedstriid tsjin SC Joure kin dus earst wer yn ‘e kast. Wol oefent SDS 1 sneon tsjin Trynwâlden. Sy binne noch dwaande om in oefenwedstriid op jûn te spyljen dizze wike.

SDS 2 en de beker
Wy wienen der hast wis fan dat SDS 2 op 7 febrewaris bekerje moast tsjin Be Quick Dokkum. Wy sieten allinne noch te wachtsjen op it offisjele programma fan de KNVB. No dat der is docht bliken dat SDS 2 op 7 febrewaris ynhelje moat tsjin Oeverzwaluwen. Wy witte dus noch altiten net seker wannear en tsjin wa at SDS 2 no moat yn ‘e beker. Wa kin ús helpe?

Oefenje
SDS D1 is ek al wer drok oan it oefenjen. Sa spylje sy sneon tsjin LSC en de wyks derop út tsjin earsteklasser Balk D1. Ek de âldsjes fan SDS 5 hawwe it noch noadig om sa no en dan te oefenjen. Sy oefenje sneon tsjin Âldegea(W).

Ferskillende sokken
Neffens ús bronnen is Skelte Anema frege om te sjen at der ek noch wat oan it tenue fan SDS feroare wurde kin. Sa spile hy sneon tsjin LSC mei 2 ferskillende sokken. Der wurdt sein dat hy it sneon mei 2 ferskillende skuon probearje sil. Je wit noait wat it waar docht.

Sneu
Erik Haitsma, earder SDS no Cambuur hat sneon in earnstige blessure oprûn. Iets mei de ljisken of mei it bekken. Wy winskje him in protte sterkte ta mei it herstel.

Willem Overal set ploech op skerp
Yn it novimbernummer fan de Treffer stie in wiidweidich petear mei Willem
Overal,  de lieder fan de futsal ploech SDS 1. Wat sei Willem ek al wer oer
it Fec: “Wy sille nea it Fec winne, want je moatte dêr hastich wêze en dat
binne wy net.”
Ja, soks is ek in manier om in ploech op skerp te setten. Wy binne dan ek benijd wat nije trainer Lykle Bleekveld yn syn interview foar de Treffer sette sil om de ploech op skerp te krijen.