Wepperkes

SDS 1 oefent
23 januari 2004
Keepster op doel
24 januari 2004

Treffer

De Treffer fan jannewaris is útkommen op freed 23 jannewaris.

Archyf op side

Wy krije wolris klachten fan minsken dy’t it nijsarchyf net goed trochnimme kinne op ús side. Wy nimme klachten serieus. Wy jouwe jim as tip om de eigen uynstellingen únder Beeld – Tekengrootte oan te passen nei lytser. Dan moat it oplost wêze. Jim kinne dit fansels ek neifreegje by jim provider mar dan duooret it 14 minuten foardat jim kontakt hawwe en binne jim 14 x 0.20 euro kwyt.

Kenniskwis

De tarieding foar de kenniskwis op 12 febrewaris binne yn folle gong. De kommende wiken sille wy de kandidaten foarstelle en sille wy besykje de kandidaten yn ferwarring te bringen. Sa’t it no liket krije wy in folle bak. Kaarten reserveare is net mooglik en fol is fol. De tagong is fansels fergees.

Nijs

Der is altiten nijs binne in fuotbalklup. Wy meie net klaaie mar dochs kin der noch folle mear by. Werom heare wy nea wat nijs fan de jeugd. Utslaggen fan oefenwedstriden krije wy hast net of  te let te hearen. It is allegear nijs. Mail ús. Wy kinne der fêst wat mei.

Hobby

Nochris freegje wy om minsken troch te jaan dy’t in frjemde hobby hawwe. Us foarige oprop hat wol wat oplevere mar der binne fêst mear. Kom op!!