Sa’t jim lêze kinne yn de nije Treffer skriuwt de foarsitter fan SDS, Helga Develing, dat SDS yn 2030 fan it keunstgers ôf moat.
Dit om nije milieurigels.
In spesjale keunstgerskommisje is yn it libben roppen om te sjen hoe as it keunstgersfjild fan no der dan yn 2030 út moat komme moat te sjen en hoe as dit bekostige wurde moat.
Hjir de earste útkomsten:
- de lju dy’t earder it keunstgers stipe hawwe moatte harren part werom keapje en kinne dat keunstgers bygelyks yn de eigen tún del lizze
- elkenien kurken sparje litte sa ’t wy yn 2030 genôch hawwe om de rubberkorrels te ferfangen troch kurk
- it gêrsfjild yn it âlde Cambuurstadion oernimme
- yn oktober wurdt der ynstee fan in bierfest in wynfest organiseare sadat it net allinnich jild, mar ek in bult kruk oplevert.
- de kommende jierren de rubberen korrels op it keunsgersfjild net mear oanfulle sadat dy miskien yn 2030 leech is.
- fan it B-fjild it haadfjild meitsje en fan it keunstgersfjild in grut parkear- evenemintenterrein
- Woonvaria, Wommels levert in tapijt fan in fuotbalfjild wêrby gjin rubberynfill nedich is
- sis it mar!
Der is al in groep jeugd ree fûn dy’t mei de tiid it keunstgers ferwijderje wol.
Mochten jim ideëen hawwe stjoer se dan sa gau as mooglik nei willem@vv-sds.nl!