Weppers freed 30-8
29 augustus 2013Weppers snein 1-9
1 september 2013 Mochten jim fuotbald hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine:
|
SDS 1 ûnderút
SDS 1 ferlear hjoed mei 4-3 fan Ouwe Syl en binne dêrmei útskeakele foar de beker. Nei 6 minuten stie SDS al mei 2-0 efter. De goals fan SDS 1 waarden makke troch Dirk-Yde, Tsjipke en Wytze.
SDS 2 ferliest
SDS 2 hat fannemiddei mei 8-1 ferlern fan Blauw-Wit 2. By de rêst wie it noch 1-1 en like der neat oan de hân. 18 sekonden nei de rêst waard it al 1-2 en de Ljouwerters wienen net mear te stopjen……….1-8.
SDS MC1 wint wol
SDS MC1 wint mei 6-0 fan AVC MC1. Kirsten(3), Jeska(2), Tjitske makken de goals.
A1 wint streekderby
SDS A1 hat sneon goed wurk dien. Winne fan Oosterlittens is fansels altyd moai. Bij it skoft wie it 1-3 en de einstân wie 1-6. Doelpunten fan Pieter de Vries, Lourens van der Pol, Jurjen Los en Wiebe Heeres (3)
SDS D2 – SC Boalsert D2: 3 – 2
Ofrune sneon hiene de mannen fan D2 de twadde wedstryd foar de beker tsjin SC Boalsert.
Op it haadfjild wie it begjin foar SDS. Mar geandewei de earste helte wurde SC Boalsert sterker. Troch in omsetting op it middenfjild, kamen wy wer better yn ‘e wedstryd. Ut in hoekskop yn ‘e 25 minut, tikke Stan de bal yn ‘e goal. Lang koene wy net fan de foarsprong genietsje want 2 minuten letter wie it alwer 1-1. Dochs wie it Stan, die mei in geweldich skot (of wie it no it foarset), 1 minut foar de rest, de 2-1 op it skoareboerd sette.
Healwei de twadde helte wie it alwer Stan die de keeper fan Boalsert utspiele en de 3-1 makke. It middenfjild kaam in hannen fan SDS. Mei prachtige stekpasses waarden hieltiid de snelle oanfallers berikt, mar der waard net mear skoard troch SDS. De ferdediging stie goed, mei in keeper die hast net te passeren is. Dochs makke SC Boalsert ut in “skrimmage” krekt foar tiid noch de 3-2. Mar de oerwinning kaam net mear yn gefaar.
In geweldiche teamprestatie fan alle jongens!!!
Nye wike ut tsjin Easterlittens. Dan sille us best dwaan om wer trye punten te pakken.
Theo.