Utslaggen sneon 3-3

Seleksjes sneon 3-3
2 maart 2012
Tweets
2 maart 2012

It programma fan sneon 3-3 sjocht der sa út. Neist wat kompetysjewedstriden twa oefenpotsjes yn de moarn.  
Sa as  E1 dat yn kombinaasje mei D3 in earste wedstriid op it grutte fjild.

     
9:00 SDS D1 – SDS C2  (oefen)  1-3
10:15 SDS D2 – SDS E1/D3 (oefen)  7-2
10:15 SDS C1 – Mulier C1  9-0
12:30 SDS 4 – Waterpoort Boys 3  2-2
14:30 SDS 1 – VEV’67 1  1-4
14:30 SDS 3 – AVC 2  4-1
10:15 Walde De A1 – SDS A1  útsteld
11:00 Sleat B1 – SDS B1  8-1
12:00 Knickerbockers The 2 – SDS 2  3-2
14:30 Berlikum SC 4 – SDS 5  2-0

SDS 1 – VEV 69 1     1-4
SDS hat ferlern fan in prima fuotbaljende ploech. De earste 30 minuten kaam SDS amper oan de bal en stie al mei 0-1 efter. Unferwacht kamen se op 1-1 troch in moaie oanfal mei Arjan, Ewout en Dirk Yde as koppende doelpuntenmakker. Rêststân 1-1 wie op dat momint it maksimaal helbere.
Yn minút 47 kamen de Leeksters op 1-2 troch in frije traap. SDS fuotballe seker yn de twadde helte net min mar moast risikos nimme. Eigen kânsen kamen der mar skoord waard der net. De VEV-ers kounterden noch wol twa kear nei in doelpunt. In fertsjinne oerwinning fan VEV ’69 mar SDS fuotballe wat it wurdich wie.

the Knickerbockers 1 – SDS 1   3-2
Neffens de ferhalen wie it wer in moaie dei út nei Grins. Gjin Ikea, gjin binnenstêd mar it kompleks fan de  studinteklup. Tank oan de Tomtom dat ek buske Brouwer noch krekt op tiid oankaam. Wierskynlik misten se de taspraak fan de koach dêrtroch en kamen se mei 3-0 efter. Mar neidat se wend wiene oan de Grinzer lucht kaam SDS werom. Hendrik de Jong en Jan Simon Jelsma skoorden. Dy lêste die it mei de hakke en syn ploechgenoaten prate der no noch oer. Wat noch mear opfoel wie de swanesang fan Syb. De Dútsers soene der jaloersk op wurde kinne.

SDS 3 – AVC 2    4-1
Binnen twa minuten nei ôfrin fan de wedstriid waard ús de einstân al trochjûn. Tagelyk mei de doelpuntenmakkers: Sjoerd Rispens en Pieter Kamstra skoarden beide twa kear.

SDS 4 – WPB 3    2-2 
Tsjin de koprinner hie SDS 4 lange tiid sicht op in oerwinning. Mei keunst en fleanwurk waard betiden it doel skjinholden troch prima kearderswurk fan Gerrit Kooistra. It waard úteinlik 2-2 en doelpuntenmakkers foar SDS wiene Broer Jacob Greidanus en Jelle de Jong. Bij WPB spile Robert Gorter dy’t it fuotbaljen leard hat bij SDS.

Berlikum 4 – SDS 5     2-0
It skynt it ferhaal te wêzen fan “at je kânsen sels net benutte dan docht de tsjinstanner it wol”.

Scharnegoutum Da 1 – SDS Da1  2-1
Dizze oefenwedstriid sil nuttich west ha sa’n wike foardat de kompetysje wer begjint. Wij sille fêst noch wol wat mear trochkrije oer dizze wedstriid.

SDS C1 – Mulier C1
SDS was duidelijk de betere ploeg. Het overwicht resulteerde al snel in een goal van Almar en een ‘quattrick’ van de jarige Lourens. Na de rust zakte het spelpeil ver weg, de amusementswaarde was eveneens laag. In hoeverre dit te maken had met de ‘special guests’ langs de lijn die in de pauze verkleumd naar huis vertrokken, blijft onduidelijk. Pieter nam de mid-mid positie goed waar voor de afwezige skiënde Frank. Ook Watze Jacob bleef fier overeind op het middenveld en beloonde zijn goede spel in de laatste minuut met de negende treffer. Positief is eveneens de gehanteerde 0.
 
Tjerk

SDS D2 – SDS D3/E1     7-2
It doel fan dizze wedstriid wie om de jonges fan E1 oan it grutte fjild wenne te litten. Dêrom spilen sij mei in oantal D3 jonges tsjin D2.
Dat wennen gie yn de earste helte prima. Sij kamen wol mei 1-0 efter mar namen brutaal in foarsprong mei 1-2. De 2-2 bij it skoft wie mear as fertsjinne.
Nei it skoft kaam it ferskil wol boppe wetter. De snelheid fan de spitsen fan D2 bruts op en it goed nimmen fan doelskoppen en it op de goeie wize oanbiede fan de fjildspilers makken it ferskil. Einstân 7-2