Sneon 2-11-2024 programma en seleksjes en sa
1 november 2024WPB 1 – SDS 1 yn byld
4 november 2024Utslaggen
De senioaren mochten juster allegear oan de bak. De JO19 gie oefenjen tsjin LSC. De rest fan de jeugd hie frij.
10:30 | SDS/Nijland JO19-1 – LSC JO19-2 (oefenje) | 6-1 |
14:30 | SDS 3 – Makkum 4 | 5-2 |
14:30 | SDS 2 – vv Nijland 2 | 5-0 |
14:30 | Waterpoort Boys 1 – SDS 1 | 0-1 |
14:30 | ONS Sneek 2 – SDS 4 | 4-2 |
Waterpoort Boys 1 – SDS 1
De wedstriid begie mei in hert ûnder de rym foar ras-WPB’er Eelke Dotinga. Eelke is siik en is dwaande mei in swier trajekt om wer better te wurden. Wy winskje him alle betterskip ta!
De wedstriid die der doe eins net mear ta, mar it wie net gek dat SDS 1 mei 1-0 wûn troch in goal fan Ate Schaap.
Henk komt fêst noch mei de foto’s.
Douwe
Clarence-Sluiertrofee
Matthijs Postma wist juster nei 4 minuten al in penalty te missen foar SDS 1. Dat de keeper fan Waterpoort Boys nea op de doelline stien hat makket neat út. Nei Anne Stenekes 2 wiken werom by SDS 2 in plakje opeiste yn de striid om de Clarence-Sluiertrofee komt Matthijs Postma him fergezellen.
SDS 2 – Nijland 2
In knappe 5-0 oerwinning foar SDS 2 yn de derby tsjin Nijland 2. Hendrik de Jong debuteare knap as skiedsrjochter fan dizze derby.
Hjir it ferslach fan Allert Turksma:
SDS 2 – Nijland 2
Juster wie it derby day foar SDS 2, mei de wedstriid tsjin Nijlân 2 op it programma. Alle yngrediïnten wiene oanwêzich foar in moaie pot fuotbal: de ôftraap om 14:30, in strakblauwe loft en in prachtich affiche fansels.
It wie in útdaging om in folsleine seleksje op papier te krijen. Gelokkich kamen Sjirk, Jelmer en Mark fan de A-seleksje oer, en ek waarden wy fersterke troch Redmer en Daniël fan de JO-19. Dêrneist waarden Jort Strikwerda en Eeltsje Bootsma “fan stâl” helle om ús te fersterkjen. Tige tank, mannen!
Mei Hendrik de Jong as skiedsrjochter waard om 14:30 ôftrape.
Yn de 3e minút wist Wessel S. de wedstriid fuortendaliks iepen te brekken. Hy sette fel druk en profitearre fan in flater efteryn fan Nijlân, wêrtroch de stân op 1-0 kaam. In hearlike iepening foar de thúsploech!
Dêrnei wie it earste part fan de wedstriid folslein ûnder kontrôle fan de thúsploech.
Yn de 19e minút wie it opnij raak. Nei in moaie kombinaasje op rjochts tusken Wessel en Lieuwe, waard Sjirk djipstjoerd. Sjirk sette de bal strak foar op Tom, dy’t hielendal frij stie, en net miste. De stân 2-0! Sjirk blykt de longen fan in hynder te hawwen, want hy hat dy rjochterflank hiel wat kearren op en del west tidens de wedstriid.
Nei dizze sterke start folge in wat rommelige faze, mar wol mei grutte kânsen foar SDS. Fan minút 33 oant en mei 37 krigen wy trije libbensgrutte kânsen, wêrfan der spitich genôch gjinien yn gie. In miste kâns om de wedstriid foar de rêst al te beslissen.
Mei in 2-0 foarsprong waard dan ek de rêst yn gien. Tidens de rêst waard Jort ynbrocht foar Wessel en gie Jurjen fan sintraal efteryn nei de spits, sadat Jort it frijkommen plakje efteryn opfolje koe.
De twadde helte gie kalm fan start, sûnder grutte kânsen foar beide ploegen. Oant de 58e minút. Nijlân kryg in libbensgrutte kâns út in foarset, mar de bal belâne fia de binnenkant fan de peal yn de hannen fan Mark, wêrtroch de 2-1 én oanslutingstreffer foarkommen waard.
In minút letter wie it oan de oare kant fan it fjild wol raak. In goal fan Los-makelaardij. Jurjen stuts syn grutte broer Arjen fuort, dy’t handich de keeper omspile en de 3-0 makke, wêrtroch de wedstriid yn it sprekwurdlike slot smiten waard.
Trije minuten letter, yn de 62e minút, wie it de omkearde kombinaasje. Arjen sette foar op Jurjen, dy’t op de keeper stuite. Lokkich wie de rebound oan Tom bestege, dy’t de bal knap binnentikte en de stân op 4-0 sette! In trefsekere Tom hjoed, dat sjogge we net faak! Soe it feit dat syn freondinne en mem foar him kamen sjen der wat mei te krijen hawwe?
Yn de 87e minút waard it sels noch 5-0. Ewout joech in hearlike foarset en Jurjen knikte de bal knap yn, syn 4e fan it seizoen en dêrmei is hy wer topskoarer fan it team. Hy wurdt op de foet folge troch Wessel S., dy’t der op it stuit 3 yn lizzen hat.
Al mei al in prachtige oerwinning foar ús yn dizze derby! Op nei nije wike!
Ta beslút kompliminten oan skiedsrjochter Hendrik de Jong foar it fakkundige fluitsjen.
Allert
Hendrik fluite in prima wedstriid
SDS 3 – Makkum 4
SDS 3 wûn foar it earst dit seizoen. Hjir wienen sy wol oan ta. Sy wûnen mei 5-2 fan Makkum 4. Op it B-fjild makken Kees(2x), Pieter van der Valk(2x) en Jildert van der Werf de goals.
ONS 2 – SDS 4
SDS 3 begie knap oan de topper tsjin ONS 2 mei in snelle 2-0 foarsprong troch goals fan Jens en Boaz. Spitich genôch liet SDS 4 harren yn de twadde helte it tsiis fan de bôle ite troch ONS, want it waard úteinlik 4-2 foar de Snitsers.
Degradaasjespook
Dat it goed giet mei Ajax docht in soad lju yn de Jimbar goed. Dat it net sa goed giet mei sc Heerenveen docht sommigen ek goed. Nei de blamaasje fan sc Heerenveen tsjin Fortuna Sittard waard it degradaasjespook alwer sinjaleard yn de Jimbar.
Novimberfest by SDS
Noch 6 nachtjes!
Harsens derby (2276)
WWS wûn juster mei 5-0 fan Suawoude. It hie ek samar 6-0 wurde kinnen………….. 😉
WWS won met 5-0 van Suawoude. Hét moment van de wedstrijd kwam op naam van WWS speler Nijp. Oordeelt u zelf pic.twitter.com/efDxcdsKvX
— Floris Sinnema (@SinnemaFloris) November 2, 2024