Tom en Stan gean der foar

Kom op famkes! Kom by SDS MO13 baljen.
1 juli 2025
Teamyndieling ST SDS/Nijland JO19-1 2025-2026
7 juli 2025
Kom op famkes! Kom by SDS MO13 baljen.
1 juli 2025
Teamyndieling ST SDS/Nijland JO19-1 2025-2026
7 juli 2025

It fuotbal hawwe se (tydlik) op in leech pitsje setten, want Tom Wijnia en Stan Korbach gean de útdaging oan om in hiele triatlon út te swimmen, út te fytsen en út te draven.

Kommende sneon is de Frysman, de ienige hiele triatlon yn Fryslân. It is de 8ste edysje.

Mei de start op de Reaklif bij Warns moarns om 7.00 oere swimme se earst 3800 meter yn it Iselmar.

Dan drave/rinne se nei de fyts en gean ûnderweis foar 4 rûntsjes fan 45 kilometer op in heuveleftich parkoer yn Gaasterlân.

At alles goed giet kin de fyts dan útrêste mar sij net.

In maraton fan 6 rûntsjes fan 7 kilometer drave yn de omjouwing fan Warns makke de triatlon kompleet.

Komme se dan oer de finishline ( en dat is echt in topprestaasje) dan ropt de ferslachjouwer : Do bist in Frysman.

Sij hawwe oanmoedings nedich!

Moarns bij de start op it Reaklif. Gean op tiid dy kant út want tusken parkeare en it wetter is it in kilometer rinnen. ( de auto yn Starum en op de fyts nei it klif is noch better)

Tidens it fytsen oan de rûte

Tiden it drave oan de rûte

Der binne livebylden foar de thúsbliuwers mar jim kinne ek de tuskenstanden sjen op ynternet, sadat jim in goed momint kieze kinne om dochs efkes te sfearpriuwen op it Reaklif.

Neist Tom en Stan dogge ek Sybrand van der Wey en Jan Willem de Groot út Wommels, Halbe Huitema út Easterein, Wiebe Terwischa van Scheltinga (heit fan jeugdlid SDS ) út Reahûs en Syb van der Ploeg (heit fan jeugdlid SDS) út Kûbaard mei.

Dan binne der noch sa 260 oaren ut binnen en bûtenlân. Sjoch hjir

Under dizze link sjogge jim de hiele dielnimmerslist en kinne jim de tuskentiden sneon folge.

Mar dêr efkes sfearpriuwe is noch leuker……

Yn de Op ‘e Skille dizze wike in ferhaal oer Tom, en Stan