Startgearkomst SDS 2

Bekerlotting SDS 1 2024-2025
30 juli 2024

Ofrûne tiisdei is in grut diel fan de seleksje fan SDS 2 by-inoar kaam foar in startgearkomst foar it nije seizoen.
It wie in moaie gearkomst, wêr’t fanút sawol de lieding as de spilers oanjûn is hoe ’t wy mei-inoar yn de wedstriid sitte foar it nije seizoen.

Sneon 31 augustus traapje wy ôf, mei ús earste bekerwedstriid.
Op nei in moai seizoen!

Lieder fan SDS 2, Allert Turksma