Sneon om 14.30 oere alwér in topper: SDS 1 – Makkum 1. Kom allegear!

Sneon 11-4-2026
10 april 2026
Sneon 11-4-2026
10 april 2026

SDS 1 makket him op foar de lêste fjouwer wedstriden fan it seizoen. Sy begjinne as koprinner en hoopje nei dizze fjouwer wedstriden noch altiten koprinner te wêzen.
Sneon de earste hobbel fan de fjouwer; Makkum 1.
Makkum docht it de lêste wiken net sa gek. It hat de lêste fjouwer wedstriden wûn en stiet boppe-oan yn de 3e-Perioade. Sy steane yn de ranglist 4e op fjouwer punten fan SDS.
SDS 1 is koprinner en hat ien punt foarsprong op Creil/Bant 1. Creil/Bant spilet sneon út tsjin Waterpoort Boys 1.
SDS 1 is net hielendal kompleet. Pieter Sijtsma is ien wedstriid skorst, Lourens van der Pol leit der foar langere tiid út mei in knibbelblessure en Kees Sandstra(blesseard) en Wytze Lanting binne ôfwêzich.
Seleksje:
Mark Klijnsma
Jorrit Stap
Niels Hiemstra
Remco Hijlkema
Gerwin Sijbesma
Tim Sweering
Jelte-Pieter Dijkstra
Wiebren Tamminga
Robin van der Weg
Gerbrand Kramer
Matthijs Postma
Wiebe Heeres
Pieter Bouma
Daniel Veenstra
Ate Schaap
Jelmer Brouwer