SDS 1 – YVC 1 yn byld
9 maart 2025
Op woansdeitemiddei 9 april organisearret sc Heerenveen in grutte kidsrun by it Abe-Lenstrastadion.
As Sportief Partner fan sc Heerenveen mei de jeugd fan SDS oant en mei 12 jier hjir ek oan meidwaan om jild yn te sammeljen foar de jeugdôfdieling fan SDS.
In unieke erfaring!
Dochsto ek mei?
De jeugd fan SDS sil dan yn de bus nei Hearrefean.
It wurdt in alderaardichste dei, want neist de Kidsrun organisearret sc Heerenveen op dy dei noch folle mear leuke fuotbalaktiviteiten. Sjoch hjir mar ris nei de edysje fan 2024 troch vv Makkum.
De jeugdspilers fan SDS oant en mei de JO11 hawwe in flyer fan de lieder of trainer krigen of krije dizze noch. Hjir stiet in persoanlijke aksjelink yn. Dizze link kinne de jeugdspilers trochstjoere nei famylje, buorlju, pakes en beppes, fage kennissen, kollega’s fan mem of wa ek mar. Sponsers kinne harren dan sels oanmelde en ek lyk betelje. Wol sa makkelijk.
Mei dizze aksje sammelje wy jild yn foar de jeugdôfdieling fan SDS. Dielnimmers meitsje kâns op moaie prizen fan sc Heerenveen lykas bygelyks in teamuitje nei sc Heerenveen of in sjurt mei hantekeningen.
Mar in soad súkses en wille tawinske mei dizze aksje!
Sjoch hjir foar de tuskenstân of stypje de jeugd hjir.
Jeugdkommisje vv SDS