Sneon 4-1-2020

Nijjiersweppers 2020
2 januari 2020
Weppers moandei 6-1-2020
6 januari 2020

Kantine

De kantine gie om 12.55 iepen om elkenien it beste te winskjen, in bakje kofje te drinken en je dêrnei klear te meitsjen foar it kaarten, kuierjen of fuotbaljen.

Fuotbalje

Om 13.30 gie it fuotbaljen los. In stik  as 50 fuotballers sille besykje in oar de foet dwers te sitten. Mochten der noch lju wêze dy ’t meidwaan wolle dan kinne dy harren fannemiddei melde.

Rinne

Om in oere as 2 of iets earder sille de rinners harren beste foet foarsette.

Klaverjasse

Om 13.30 lieten 24 kaarters harren net yn de kaart sjen litte. Anny Sjaarda die dat it beste, Harm-Auke waard twadde en Anna-Marie Wijnia pikte it tredde plakje yn.

DJ Baggel

Tusken 16.00 en 17.00 donderen de muzykklanken ûnder leiding fan dirigent DJ Baggel de kantine binnen. “Don’t shoot the DJ” wie syn boadskip.

League

Yn de kantine koenen wij al heare hoe’t ôfrûn is yn de league it earste healjier. Letter it oersicht mei winners. Wa’t lêste wurden is melde wij no wol. Dan kinne jim Jelmer Posthumus dêr alfêst mei lokwinskje

Puzzel

Wa wint dit jier de SDS-sjaal mei de oplossing fan de Krystpuzzel yn de Kryst-Treffer? Mebius de Boer!

JO13-1

Der waard sneon fansels ek noch sealfuotballe.

JO13-1 gaat ook in het nieuwe jaar goed in de zaalcompetitie. Overwinningen met 2-1 en 4-2 tegen LAC Frisia en Oosterlittens JO13-1 en gaat fier aan kop in de poule met 12 uit 4!!!

Efkes Balje

Doe’t ik freedtemoarn tsjin myn Google assistent “Goeiemoarn” sei, kaam sij neist it deistige rideltsje fan tiid, waar, nijs ek mei it opneamen fan myn altyd folle aginda. Dy bestiet bij minsken op myn leeftyd foaral op oppasoerkes en oare mominten fan fermaak.
Alteast dat is bij mij sa. Myn Google Assistint docht syn bêst om op te neamen wat er yn myn aginda stiet. Ek al is it Frysk.
Oer “Efkes balje om half acht” brekt frou Google de tonge echt net. De Assistint hat gjin emoasje mar wie dat al sa west dan hie dy yn triennen ferteld wat er yn Irak bard wie troch oppertwitteraar Trump.

It nijs kaam oer of wie de tredde wrâldkriich no echt útbrutsen of stie op it punt om út te brekken. Dat heare je at je nei al dy Middeneasten deskundigen harkje dy’t it freedtemoarn wer drok hiene en it spitich fûnen dat se jûns net oanskowe koene bij Jinek, want dy wie der noch net. Ik haw Peter R noch net heard, want dat is ús opperdeskundige fan alle saken yn de wrâld.
Mei dat bedriigjende nijs yn de efterholle wie it net raar dat der juster mar leafst 17 Efkes Ballers wiene. Se kamen fan hein en Heech. De fêste ploech wie der, mar ek wat jeugdige fuotballeafhawwers dy’t, foardat de raketten en drones ús ien dizzer dagen oer de kop fleane noch gewoan in oerke balje woene. Efkes lekker fleane en drave en lekker mei skerp sjitte.
Op in heal fjild komme de langeballenspesjalisten folslein oan harren gerak. It spul kantele omraak en alle hoekjes fan it fjild waarden no brûkt. It wie in hearlike partij en nei ôfrin knypeagen wij dan ek efkes nei Trump en de Iranezen, dy’t it foar it sizzen ha,  mei de allessizzende blik: dit nimst ús net mear ôf.
Yn partij ien mei 9 tsjin 8 (mei hes) wiene de 9 hesleazen krekt efkes effektiver en bouden in 4-1 foarsprong op. Doe’t it 8 tsjin 8 waard troch in âlderdomsblessure fan Pieter mocht Sipke Hiemstra de linen útsette bij it ploechje mei hes. It waard it prachtige ynhelrees en it wie Theo Postma dy’t mar leafst trije kear skoarde en de 4-4 op it einboerd sette. Dat is wol in skatting want troch it hege tempo en  de oarlochdriging wiene de measten de tel kwyt.
En doe de finale dy’t om 1 doelpunt gie, want it skoaren gie juster wat lestiger as oars en it moast gjin nachtwurk wurde. It waard noch in tsien minuten “alles út de kast” en it wie de slimme Wouter Hylkema dy’t rêstich wachte op in flaterke en sa mei in lêste sprint it beslissende doelpunt makke.
Wij rekkenje der op dat it net de lêste Efkes Baljen west hat en dat it ferstân op in oar plak yn ‘e wrâld werom komt.
Mei hes: Lieuwe, Frank, (Pieter), Johan, Jurjen, Fokke, Theo,Luka en Sipke
Sûnder hes: Ferrie, Milan, Sietze, Robin, Wouter, Menno, (Sipke), Kerst en

Aant