Weppers freed 21-3-2025
21 maart 2025SDS 1 – WPB 1 yn byld
23 maart 2025Wat sil dizze sneon ús wer bringe. Oan it programma sil it net lizze. Foar elkenien is der wol bij.
De measte oandacht giet fansels út nei SDS 1 – WPB 1 om 14.30 oere.
| 09:00 | SDS JO12-2 – Zeerobben JO12-3JM | 1-2 |
| 09:00 | SDS JO11-1 – fc Harlingen JO11-1 | 5-5 |
| 09:00 | SDS JO10-3 – Mulier JO10-1JM | 14-3 |
| 10:00 | ST SDS/Nijland JO11-2 – VV Sneek Wit Zwart JO11-2 | 9-4 |
| 10:05 | SDS JO10-2 – Waterpoort Boys JO10-1JM | 3-8 |
| 10:30 | SDS JO12-1 – GAVC JO12-1 | 3-2 |
| 10:30 | SDS MO11-1 – Ropta Boys MO11-1 | 4-1 |
| 11:15 | SDS JO10-1 – SC Bolsward JO10-1 | 9-4 |
| 14:30 | SDS 1 – Waterpoort Boys 1 | 3-1 |
| 14:30 | SDS 4 – ONS Sneek 2 | 1-3 |
| 09:00 | Workum JO15-1 – ST SDS/Nijland JO15-1 | 2-2 |
| 09:00 | S.C. Stiens JO13-1 – SDS JO13-1 | |
| 09:00 | VV Sneek Wit Zwart JO9-1 – SDS JO9-1 | |
| 10:00 | SC Bolsward JO9-2 – SDS JO9-2 | |
| 10:00 | AVV JO8-1JM – SDS JO8-1 | 10-0 |
| 10:30 | Balk JO14-2 – ST SDS/Nijland JO14-1 | 3-1 |
| 12:00 | vv Nijland 2 – SDS 2 | 1-1 |
| 12:15 | LSC 1890 JO19-2 – ST SDS/Nijland JO19-1 | 1-2 |
| 12:30 | Makkum 4 – SDS 3 | g.n.t. |
SDS 1 – WPB 1 3-1
Dit zorgde ervoor dat de gemoederen nog wat verhit raakten in de laatste tien minuten, plus bijna tien minuten blessuretijd. SDS was echter niet van plan om weer een 3-1 voorsprong te vergooien en liet zich niet van de wijs brengen. Met invallers Jelmer Brouwer, Niels Hiemstra en Pieter Bouma speelde het de wedstrijd geroutineerd uit en zo pakte het de gewenste drie punten. Volgende week gaat de reis naar Leeuwarden, waar MKV ’29 de wacht. Zij verkeren in degradatienood en zullen ongetwijfeld afstand willen doen van ‘de rode lantaarn’.
Douwe
Pupillen fan de wike
SDS 2 yn lykwicht
Juster wie it foar SDS2 derbyday, want de westriid tsjin Nijlân 2 stoen op it programma. Ûnder in hearlik sintsje en in strakblauwe loft floot de skiedsrjochter fan tsjinst om 12:00 foar it begjin fan dizze derby.
Al gau blykte dat fuotbalje dreech wie, sjoen de kwaliteit fan it fjild en de hurde wyn dy’t der stoen. It waard in echte “hotseknots” wedstriid.
Yn it earste diel fan de wedstriid wienen der wat kânskes foar Nijlân, mar Jeffrey redde in pear kear kreas. Dochs nam SDS rûn de 25e minút SDS de lieding. In korner fan Ewout gong oer de keeper hinne en bedarre op ‘e kop fan Jurjen, dy’t de bal ynfâldich yntikke koe. In lekkere 0-1 foar SDS!
In pear minuten letter kryg Nijlân de kâns om de stân alwer yn lykwicht te bringen. In spits fan Nijlân waard djip stjoerd en kaam ien op ien mei Jeffrey. Gelokkich wist Jeffrey is skot te blokken en de 1-1 te foarkommen.
De rêststân wie dan ek 0-1.
Nei de tee bleaun it spulbyld gelyk oan dat fan de earste helte en wie it tige lestich om ta fuotbaljen te kommen. Foar beide ploegen wienen der dan ek weinich kânsen. Wat wol slagge wie oertredingen meitsje. De skiedsrjochter koe mar oan de bak, want de waard fel spile.
Dochs foel der foar Nijlân in baltsje goed. Deselde spits as yn de earste helte kaam wer ien op ien mei Jeffrey en wist dit kear wol te skoaren en de stân op 1-1 te bringen..
Hjirnei koe SDS dus wer op jacht nei de foarsprong, mar dat slagge net. Habtamu kryg noch de grutste kâns, nei in kreaze foarset fan Ewout, mar de keeper wist der knap tusken te kommen.
De einstân wie dan ek 1-1. Nije wike binne we in wykein frij!
Noflike snein allegear.
Allert Turksma
SDS 4- ONS 2 1-3
SDS 4 hie de earste helte net folle yn te bringen tsjin koprinner ONS 2. Dat it 0-3 by de rêst stie wie dan ek net sa gek. De twadde helte koe om SDS 4 dan ek wol op papier ôfdien wurde. Yn de wyn wie de twadde helte úteinlik al hielendal oars. SDS 4 hie de bêste kansen en it wie dat allnnich Mark Postma skoarde, want it hie ek noch samar spannend wurde kinnen.
ST SDS/Nijland JO11-2 – VV Sneek Wit Zwart JO11-2
SDS/Nijland 11-2 liet der yn Nijlân gjin misferstân oer bestean wa’t de beste is yn de kompetysje.
Sij winne dik en binne kampioen.




