Weppers freed 19-9-2025
19 september 2025SDS JO9-2 2025-2026
22 september 202511 kear in thúswedstriid en 5 kear út, sa sjocht it der sneon út
In moai fol programma thús mei om 14.30 oere sawol SDS 1 as SDS 2. Dat is lang lyn dat dat foar it lêst bard is.
Y.f.m. in stjêrgefal geane alle wedstriden fan vv Oosterlittens net troch.
Waterpoort Boys 4 – SDS 4 giet net troch. SDS 4 kin gjin 11 man op papier krije. Hooplik nije wike better.
| 20-sep | 09:00 | ST SDS/Nijland JO13-1 – VC Trynwalden JO13-1 | 4-1 |
| 20-sep | 09:00 | SDS MO12-1 – LSC 1890 JO12-3 | 1-8 |
| 20-sep | 09:00 | SDS JO9-2 – Tzum JO9-1JM | 2-16 |
| 20-sep | 09:00 | SDS JO8-1 – fc Harlingen JO8-1 | 6-2 |
| 20-sep | 09:50 | SDS JO10-2 – Balk JO10-1JM | 7-5 |
| 20-sep | 10:00 | ST SDS/Nijland JO15-1 – GAVC JO15-1 | 2-2 |
| 20-sep | 10:30 | SDS JO14-1 – Leeuwarder Zwaluwen JO14-1 | 1-5 |
| 20-sep | 10:30 | SDS JO12-1 – Scharnegoutum’70 JO12-1 | 0-8 |
| 20-sep | 11:00 | SDS JO11-1 – Workum JO11-1JM | 3-6 |
| 20-sep | 12:15 | ST SDS/Nijland JO17-1 – VV Sneek Wit Zwart JO17-1 | 11-1 |
| 20-sep | 14:30 | SDS 2 – Leeuwarder Zwaluwen 5 | 1-0 |
| 20-sep | 14:30 | SDS 1 – QVC 1 | 2-1 |
| 20-sep | 08:45 | LSC 1890 JO10-1 – SDS JO10-1 | |
| 20-sep | 09:00 | Blauwhuis JO9-1JM – SDS JO9-1 | |
| 20-sep | 10:15 | Oosterlittens JO12-2 – SDS JO12-2 | g.n.t. |
| 20-sep | 10:30 | VV Sneek Wit Zwart JO11-1 – SDS JO11-2 | 7-10 |
| 20-sep | 13:00 | Waterpoort Boys 4 – SDS 4 | g.n.t. |
| 20-sep | 14:30 | ONS Sneek 3 – SDS 3 | 7-3 |
SDS Vr1 7×7
Jaaa de earste jûn fan it nije seizoen sit der wer op! ⚽️
Wy he wer leuk fuotballe en eindigen mei in pubquiz.
De útslagen:
▪️Akkrum – SDS 0-3
▫️SDS – WPB 1-2
▪️Jirnsum – SDS 0-2
▫️SDS – SWZ 1-0
SDS 1 – QVC 1
Nettsjinsteande in ferskriklik gemiene assistint skiedsrjochter fan QVC wit SDS te winnen.
Hoe kinne je no flagje foar in efterbal at de bal net iens op de line is, wêrtroch in skitterjend doelpunt fan Lourens ôfkard wurdt?
Gelokkich makke SDS nei de eardere 1-0 fan Matthijs Postma gelyk nei dat momint de 2-0 troch in strafskop.
Ek QVC benutte in strafskop wêrtroch de einstân 2-1 wurdt.
Hjir it wiidweidige ferslach fan Douwe:
Douwe
Pupillen fan de wike
De pupillen fan de wike by SDS 1 – QVC 1 wienen Luuk van der Weg en Jimte van Ruiten. Sy hawwwe in prachtmiddei hân.



SDS 2 – Leeuwarder Zwaluwen 5
SDS 2 wint syn earste kompetysjewedstriid fan it seizoen mei 1-0 fan de Ljouwerter Sweltsjes. Matchwinner waard nijkommer Auke Boomsma dy’t mei syn alderearste kompetysjegoal foar SDS 2 lyk foar de winst soarge.
ONS 3 – SDS 3
SDS 3 wie net bliid nei it ferlies tsjin ONS 3, mar mei de 7-3 einstân foar ONS wienen neist de ONS-supporters ek de neutrale taskôgers tige tefreden.
De doelpunten fan SDS waarden makke troch;
Jasper (assist Wiltsje)
Gerben (assist Wiltsje)
Wiltsje (penalty)
ST SDS/Nijland JO13-1 – VC Trynwalden JO13-1
Na een ruime overwinning vorige week thuis tegen Minnertsga mochten we het opnemen tegen Trynwalden.
Trynwalden verloor vorige week voor het eerst en had zo voor aanvang van deze wedstrijd ook 6 punten uit drie wedstrijden.
Zowel Jens, Niek als Hessel waren door verschillende omstandigheden afwezig.
Vol vertrouwen begonnen we aan deze wedstrijd. Wel met respect voor de tegenstander, maar wel om de drie punten thuis in Easterein te houden.
Onder leiding van de goed fluitende Enne Bruinsma gingen we op zoek naar de voorsprong.
Teynwalden had een paar snelle jongens voorin maar Hedser, Ben, Stan en Armin hadden deze goed onder controle.
Het spel ging op en neer en gelukkig maakten wij de eerste 2 doelpunten. Net voor rust scoorde Trynwalden uit een spaarzame uitval.
Na rust werd het al snel 3-1 door Armin na een goed genomen corner.
Op het laatst maakten we ook nog de 4-1 en was de wedstrijd gespeeld.
Ik denk onze beste wedstrijd tot nu toe en dat geeft vertrouwen.
Volgende week gaan we naar Hardegarijp om daar wederom een poging te wagen wat punten mee terug te nemen.
Jappie
SDS JO11-1 – Workum JO11-1JM
8 minuten foar tiid stie SDS JO11-1 noch mei 3-2 foar, mar ferlear úteinlik mei 3-6………
SDS JO11-2
Nei de winst fan 7-10 sjogge wij fleurige spilers en lieders.
SDS JO11-2 2025-2026
Harm-Niels-Jilles-Imre-Levi-Ruerd-Tygo-Jurre-Jeroen.
Lennert-Brent-Danian-Gerrit-Wout.



