Weppers freed 17-1-2025
17 januari 2025SDS 1 – DTD 1 yn byld
19 januari 2025Fan alles dizze (kommende) sneon.
Moarns stiet de beker sintraal yn Easterein at St Nijland/SDS JO14-1 los mei.
Middeis komme der mar leafst trije doarpen en in Stienzer it op nimmen tsjin SDS 1.
Wij hjitte Dooitze Nauta as fersoarger bij DTD fansels fan herte wolkom en binne benijd at hij op de fyts komt……
Ek is der noch in team fan SDS aktyf yn de seal. SDS JO10-1 spilet trije wedstriden yn it Hearrenfean.
10:30 | ST SDS/Nijland JO14-1 – Balk JO14-2 (beker) | 2-6 |
14:30 | SDS 1 – DTD 1 | 3-0 |
14:30 | SDS 4 – Heerenveense Boys 7 | gnt |
15:10 | SDS JO10-1 – LAC Frisia 1883 JO10-2 | 1-0(seal) |
14:30 | Workum 3 – SDS 2 | 2-1 |
14:30 | Balk 5 – SDS 3 | 10-0 |
15:30 | Blauw Wit ’34 JO10-1 – SDS JO10-1 | 2-0 (seal) |
15:40 | Flevo Boys JO10-1 – SDS JO10-1 | 1-1 (seal) |
SDS 1 – DTD 1
Douwe
Pupillen fan de wedstriid
Workum 3 – SDS 2
SDS grypt neist de punten yn Warkum
Nei in lange perioade sûnder 90 minuten wedstriid, mochten we juster einliks wer it fjild op. Juster stie de wedstriid tsjin koprinner Warkum 3 op it programma.
Yn desimber ha we noch in kear in helte ynhelle tsjin Flevoboys, mar de lêste kear dat we in folsleine wedstriid spilen, wie op 9 novimber tsjin IJVC.
It wie op ‘e nij in útdaging om in folsleine seleksje op papier te krijen, mar gelokkich koenen wy rekkenje op hulp fan Wiebe (SDS 1), Tsjipke Klaas (SDS 4), en Luuk en Daniël (JO -19).
De omstannichheden yn Warkum wiene dreech: it wie wetterkâld en it fjild wie net yn bêste staat.
Dochs begûnen we fol goeie moed oan de wedstriid. Fan it begjin ôf hiene wy it measte balbesit, benammen op de helte fan Warkum. Foaral op de linkerflank lei der in soad romte en koe Jesse stroaie mei skerpe foarsetten. Spitich genôch bleaunen echte kânsen út.
Rûn de 20e minút bruts Warkum de wedstriid iepen. De spits fan Warkum kryg de bal op de râne fan ús 16 meter en wist himsels knap frij te draaien. Mei in drûge skower skeat er de bal yn de fiere hoeke, wêrtroch’t Warkum in bytsje tsjin de ferhâldingen op in 1-0 foarsprong kaam. Dit wie ek de rêststân.
In de rêst brochten inkele frisse (letterlijk en figuerlijk) krachten yn it fjild, mei de hoop op de lykmakker. It spulbyld yn de twadde helte bleau lykwols itselde: SDS hie mear balbesit, mar kreëarre net in soad kânsen. Al mei al wie it net sprankeljend foar it publyk.
Yn de 60e minút gie de spits fan Warkum djip en waard yn de 16 meter delhelle troch in SDS’er. De skiedsrjochter wiisde nei de stip, mar ta ús opluchting skeat de spits de bal neist en bleau SDS yn libben.
Twa minuten letter kaam SDS einliks ta skoaren. Good old Tsjipke Klaas kryg krekt bûten de 16 meter in frije sjitkâns en skeat mei syn sûkeladeskonk de bal perfekt yn de fiere hoeke. In beauty!
Dizze goal joech de wedstriid wer wat mear kleur en SDS kryg fertrouwen om de 1 -2 te meitsjen.
Spitigernôch slagge dit net. It tsjindiel wie wier. Yn de 85e minút bruts in rappe spits fan Warkum út, wat resultearre yn de 2 -1. Dit waard ek de einstân.
Nei it lêste fluitsinjaal wie de teloarstelling grut. Hjir hie mear ynsitten.. Gelokkich krije we tiisdei al in herkânsing. Dan meie we thús tsjin SnitsWZ 3, om 20:00 oere.
Allert Turksma