Sneon 16-12-2023

Weppers freed 15-12-2023
15 december 2023
SDS-League: Seriette’s ‘FC Mislintat’ wint de SDS-League!
19 december 2023

It is de jeugd dy’t sneon noch yn aksje komt.
It liket der op dat se frijwol allegear sneon it jier bûten ôfslute.
Nije wike sille hiel wat teams de seal yn.

09:30 ST SDS/Nijland JO13-1 – LSC 1890 JO13-3 8-1
09:30 SDS JO8-1 – SC Bolsward JO8-2
09:30 SDS MO9-1 – LSC 1890 JO9-3
10:00 ST SDS/Nijland JO14-1 – Oeverzwaluwen JO14-1 11-1
10:30 SDS JO10-1 – Bakhuizen JO10-1JM
10:30 SDS JO10-2 – Zeerobben JO10-3
08:45 Minnertsga JO9-1JM – SDS JO9-3
09:00 VV Sneek Wit Zwart JO15-2 – ST SDS/Nijland JO15-1 0-6
09:00 Balk JO9-2JM – SDS JO9-2
09:00 SJO Oudega/HJSC/Heeg JO8-1JM – SDS JO8-2
09:50 Hielpen JO11-1JM – SDS JO11-2
10:00 Friesland JO11-1JM – SDS JO11-1 1-5
10:15 Zeerobben JO9-1 – SDS JO9-1 2-3
11:15 Geel Wit JO12-1 – SDS JO12-1 1-2
12:30 Balk JO17-1 – ST SDS/Nijland JO17-1 4-3

Krekt net?

ST SDS/Nijland JO17-1 ferlear yn Balk krekt mei 4-3. ST. SDS/Nijland stiet no noch wol boppe-oan, mar De Wâlde/Woudsend JO17-1 kin harren noch foarby. De Wâlde/Woudsend JO17-1 hat ien wedstriid minder en steane 3 punten efter. Sy meie woansdeitejûn thús ynhelje tsjin Oeverzwaluwen JO17-1.

Kampioen

SDS JO11-1 wûn fannemoarn mei 5-1 yn Ljouwert fan Friesland JO11-1 en meie harren kampioen neame.

Herbstmeister

SDS JO9-1 wûn mei 3-2 yn Harns fan Zeerobben JO9-1. Sy meie harren no ‘Herbstmeister’ neame.

Utslach


De jongste jeugd docht sneontemoarns meast in partijtsje.
Ien fan harren is Jesse Postma.
Nei ôfrin komt hij meast entûsjast nei de kantine wêr’t in fjouwertal hearen  (Popko., Anne, Floris en Aant) harren alle wiken te goed dogge oan tefolle kofje.
Jesse fertelt dan hoe’t it sa ûngefear gien is en at hij ek skoard hat.
Fannemoarn komt der net lâns en giet hij streekrjocht fan it fuotbalfjild nei de koai.
Dat is de mannen yn de kantine mar min nei de sin.
In twamans delegaasje giet nei him ta.
“Earst bij ús yn de kantine melde hoe’t it wie en dêrnei nei de koai”, dat is de boadskip
Jesse liket efkes ûnder de yndruk, mei de klam op liket.