Weppers freed 14-10-2022
14 oktober 2022Foto’s Oeverzwaluwen 1 – SDS 1
16 oktober 2022It is in rêstige fuotbalsneon. Jeugdwedstriden binne der net fanwege fakânsje.
De froulju kinne freedtejûn los yn Seisbierrum yn harren 18+ kompetysje.
19:30 | SDS VR18+1 – Wykels Hallum VR18+1 | 6-1 |
20:30 | SDS VR18+1 – Tzummarum VR18+1 | 8-0 |
14:30 | SDS 3 – Foarut 2 | 3-3 |
14:30 | SDS 4 – Workum 4 | 2-1 |
19:00 | Oosterlittens VR18+3 – SDS VR18+1 | 0-7 |
14:30 | Oeverzwaluwen 1 – SDS 1 | 0-2 |
14:30 | QVC 3 – SDS 5 | 4-5 |
SDS 1 wint
SDS 1 set de suksesfolle rige noch efkes troch. Yn Koudum wurdt mei 0-2 wûn fan Oeverzwaluwen. Nei 2 minuten wie it al rekke troch Stan Korbach. De moaiste oanfal fan it seizoen ronde hy knap ôf. Oeverzwaluwen kaam der yn de earste helte net bot oan te pas en SDS wie dúdlik de boppelizzende partij. Nei de 2-0 fan Stan Korbach yn de twadde helte joech SDS Oeverzwaluwen mear romte om te fuotbaljen, mar gefaarlijk waard it eins nea.
SDS pakt hjirmei 9 punten út 3 wedstriden en giet hjirmei as in speer. Sneon stiet de derby tsjin Nijland op it programma.
Bijsûnder momint
Douwe Jan Vellinga stiet hjoed yn de basis bij Oeverzwaluwen 1 – SDS 1.
Ek yn de basis stiet Tjipke Klaas Okkema (37 jier). Gewoanwei fuotballet dy yn SDS 3.
Tefolle ôfwêzigen bij SDS 1 bringt him werom bij it earste.
Foar Douwe Jan in moai momint.
Hij wit noch dat hij as pupil fan de wike (ek al wer moai wat jierren lyn) op de foto woe mei Tsjipke Klaas Okkema.
SDS 3 – Foarút 2
Lieder Jan Friso Bruinsma hie oare ferplichtings en fedette Tsjipke-Klaas Okkema moast mei SDS 1 mei. Foar sommigen wie de sneon dêrtroch al foar de wedstriid bedoarn. Ynterim-lieder Hendrik Engbrenghof probeare dit yn de besprekking om te draaien en dat slagge. SDS 3 kaam fol fertrouwen de klaaiboks út en soe Foarút wol efkes fuotballes jaan. Dit slagge net hielendal. It wie namelijk Foarút dy ’t SDS 3 fuotballes joech. Knappe oanfallen waarden noch moaier ôfronden en nei in heal oere fuotbaljen stie it 0-3 foar de Menamers. In lytse omsetting soarge mei dat SDS 3 de skea beperkt hâlde koe oant de rêst.
De té die SDS 3 goed. Op ‘e nij de opstelling nochris trochelkoar hinne hussele makke de miks fan jong en âld fan SDS 3 ta in fuotbalmasine. Binnen 5 minuten makke Jelmer de 1-3 en SDS 3 libbe hielendal op. In lyts raderke yn de masine wie de swypslach by keeper Marten Faber yn it kût wêrtroch Bote Strikwerda op de goal moast en SDS 3 efkes ymprovisearje moast. Yn in goed draaiend team is dat gjin probleem en foar’t Bote goed en wol de wanten oan hie makke Anne Stenekes de 2-3 al út in penalty. Ek de lykmakker kaam út in penalty fan Jelmer Posthumus neidat de tsjinstanner ûngelokkich hands makke binnen de 16 meter. In knap puntsje tsjin no al ien fan de bettere ploegen yn dizze kompetysje.
No al nocht oan nije wike! 12.15 oere thús tsjin Sf Deinum.
Bysûnder momint (2)
Tom Wijnia stiet hjoed yn de basis fan SDS 3 – Foarút 2.
Normaal stiet Tsjipke-Klaas Okkema ek yn de basis by SDS 3.
Tefolle ôfwêzigen by SDS 1 brocht him werom by SDS 1.
Dêr gie Tom syn momint….
Hij wit noch dat hij as pupil fan de wike (ek al wer moai wat jierren lyn) op de foto woe mei Tsjipke Klaas Okkema.
No moast hy mei SDS 3 mei syn heit fuotbalje……..
SDS 4 – Workum 4
It fertrouen yn in oerwinning fan SDS 4 wie der foar de wedstriid net, mar sy winne ‘gewoan’ efkes mei 2-1 fan Workum 4 mei doelpunten fan Tim Sweering út in frije traap en de winnende fan Sije van der Schaar.
QVC 4 – SDS 5
SDS 5 komt mei in kuorkebalútslach werom út Starum. Sy winne mei 5-4. De doelpuntenmakkers wiene Peter Sijbesma en Dirk Yde Sjaarda (4)
Efkes Balje
In minsk hat sa’n 640 spieren. Dy spieren komme yn aksje wannear it nedich is. In oantal dêrfan krije it meast op de bealch. Dy spieren protesteare dan ek it meast. Bijgelyks at se ferkeard brûkt wurde of at se te lang net op de bealch hân hawwe.
It Efkes Baljen komt dit jier wat muoisum op gong en de Efkes Balje spieren skrokken freed dat se wer los moasten.
Mar leafst 13 min of mear spierde mannen wene der klear foar. De mannen wol, de spieren net allegear. Foar achten stiene der noch 11 yn it fjild en wiene der al twa krukkend op hûs oansetten.
Net in gefolch fan in wylde aksje, mar gewoan in spier yn de boppefoet en in spier yn it kût dy’t seit “sykje it mar lekker út ik haw myn nocht”. Betterskip foar Jappie en Frank.
It begong oars sa moai, mei safolle spilers yn it fjild.
Twa debutanten op it Efkes Baljenbal: Siebe Tolsma woe him sels nei 25 jier ek wer efkes teste mei fuotbalskuon oan en Han ( hij appt al yn it Frysk) hat Amsterdam efter him litten en wennet no Wommels.
It gie moai gelyk op, ek nei de wikselingen troch de blessures.
Prima doelpunten dat seker mar it winnende doelpunt wie ien om op werom te sjen. It lange pass fan efteren kaam op in meter fan de doellijn op de grûn, dêr wie Wouter Hylkema op karakter noch in kear hinne flein, hij stoppe de bal en koe mei in achteleas tikje de winnende meitsje.
It wie goed dat it dien wie, want der wiene mear spieren dy’t om oandacht fregen en “de trekker fan stâl” helje woene.
Sij: Frank, Sipke, Pieter, Harrie, Kerst, Jappie, Han
Wij: Wouter, Ferrie, Johan, Siebe, Remco en Aant