Sneon 12-10-2024

Weppers freed 11-10-2024
11 oktober 2024
YVC 1 – SDS 1 yn byld
13 oktober 2024

It soe moai wêze as jim de wedstriidferslagen, foto’s en útslaggen stjoere nei willem@vv-sds.nl en aant@vv-sds.nl.

09:30 SDS JO12-2 – LSC 1890 JO12-3 1-7
09:30 SDS JO10-3 – SF Tsjom JO10-2JM 6-10
09:30 SDS JO9-1 – SJO DFC JO9-1 10-3
10:00 ST SDS/Nijland JO14-1 – Scharnegoutum’70 JO14-1 9-1
ST SDS/Nijland JO17-1 – Workum JO17-1 woansdei 23/10
10:45 SDS JO10-1 – SC Franeker JO10-1 7-4
12:00 ST SDS/Nijland JO19-1 – Leeuwarder Zwaluwen JO19-1 4-1
14:30 SDS 2 – DWP 2 3-3
14:30 SDS 3 – Workum 5 g.n.t.
08:45 SC Franeker JO8-2 – SDS JO8-1
09:00 ST IJVC/Blauwhuis JO12-1 – SDS JO12-1 0-1
09:00 SC Franeker JO13-1 – SDS JO13-1 4-0
09:00 VV Sneek Wit Zwart JO11-2 – ST SDS/Nijland JO11-2 8-4
09:00 ONS Sneek JO9-1 – SDS JO9-2
09:30 Scharnegoutum’70 JO15-1 – ST SDS/Nijland JO15-1 1-2
10:00 Waterpoort Boys JO10-1JM – SDS JO10-2 4-8
10:30 LAC Frisia 1883 JO11-1 – SDS JO11-1 11-2
11:00 SC Franeker MO11-1 – SDS MO11-1 4-5
12:25 ST Arum/Stormvogels’64 2 – SDS 4 0-1
14:30 IJVC 1 – SDS 1 3-0

IJVC 1 – SDS 1

Strijdbaar SDS uiteindelijk toch ten onder bij IJVC
SDS ging zaterdag op bezoek bij IJVC, dat een indrukwekkende start van de competitie kende met de volle buit en doelpunten bij de vleet. SDS kende ook een prima start van de competitie en hoopte in ieder geval zand in de doelpuntenmachine te kunnen strooien, maar dat lukte maar een helft.
De eerste helft waren er weinig kansen te bewonderen en dat kwam vooral door een sterk verdedigend SDS, dat weinig kansen weg gaf en soms een prikje uit kon delen. Robin van der Weg kopte een corner over en Ate Schaap schoot gevaarlijk in, waarna de rebound net niet voor Jelmer Brouwer was. De thuisclub had veel de bal en domineerde, maar kwam maar tot twee kansen voor Dani Mohammed en Timo Stienstra. De eerste schoot alleen voor Jan Peter Bootsma hoog over en naast en Stienstra zag zijn kopbal via Jan Peter en de lat toch gered worden door de keeper van SDS.
Vol goede moed werd er aan de tweede helft begonnen door de withemden, maar binnen vijf minuten waren er twee enorme kansen voor IJVC. Beide keren een lage voorzet van de linkerkant en waar de eerste nog naast werd geschoten, daar was de tweede een niet te missen kans voor Gerrit de Vries. Na de 1-0 bleef het lang een wedstrijd, maar echte kansen waren er niet te bewonderen. Helaas voor SDS moest het in de laatste tien minuten nog twee doelpunten toe staan, waardoor de score toch wat harder werd. Invaller Rens Soenveld ontsnapte aan buitenspel en bood Dani Mohammed een niet te missen kans. Een andere wissel was Reinder Reitsma en hij kopte kort voor tijd een corner binnen, waardoor dit treffen eindigde in een 3-0 overwinning voor IJVC.
Douwe

SDS 2 – DWP 2

Yn in alderaardichste pot fuotbal mei in soad striid en in soad goals spilen SDS 2 en DWP 2 gelyk; 3-3.
It ferslach fan Allert Turksma

Oan doelpunten gjin gebrek by VV-SDS 2 – DWP 2

Juster mochten wy oantrede tsjin De Wite Peal (DWP) 2. DWP hat in flitsende start fan it seizoen, mei 6 punten út 2 wedstriiden. Eins hienen dat 9 punten út 3 wedstriiden wêze moatten, mar Boalsert is út te kompetysje stapt, dus dy punten binne sy wer kwytrakke.
It wie in hiele toer om in folsleine seleksje op papier te krijen. Gelokkich hienen wy help fan oere teams. Wiltsje kaam oer fan SDS 3, Daniel en Jochem fan de JO-19 en ek waarden “good-old” Bote Strikwerda en Eeltsje Bootsma fan stâl helle. Tige tank foar jim help, toppers!
Ek wienen ús trouwe supporters Redmar de Boer en Idsert Stenekes fan de partij!
De wedstriid begûn wat rommelich, mar yn de 9e minuut kaam DWP frij ûnferwacht op in betiide foarsprong, doe’t in middenfjilder troch it sintrum trochrinne koe en de bal behearst lâns Mark tikte. De stân 0-1.
Lokkich kaam SDS yn de 18e minuut gau werom yn de wedstriid. In pass fan Ewout waard troch in ferdediger fan DWP ûnhandich trochkopt, wêrnei de bal yn in scrimmage bedarre. Jurjen wie der as de kippen by om de bal binnen te tikjen en de stân lyk te lûken. 1-1!

Net folle letter sette SDS knap druk fia Jurjen, dy’t de bal ferovere en nei Wessel W spile. Wessel W joech in geweldige steekpass op Wessel S, dy’t 35 meter mei de bal ôflei en ien op ien mei de keeper kaam. Hy skeat de bal knap lâns de keeper, wat resultearre yn in 2-1 foarsprong foar SDS. Echt in prachtige counter!
Krekt foar it skoft breide SDS de foarsprong út. Fia in snelle útbraak oan de rjochterkant kaam Wessel S yn de djipte en joech in perfekte foarset op Jurjen, dy’t de bal troch de fuotten fan de keeper yntikke. In echte FIFA-goal, wêrmei’t SDS mei in hearlike 3-1 foarsprong it skoft yngie.
Tidens de tee de ôfspraak makke om fel út de rust te kommen, sadat we ússels net mear yn problemen bringen soenen.
Dat gong spitich genôch mis. Koart nei it skoft makke DWP de oanslutingstreffer. In foarset waard net goed ynskatten, wêrtroch’t de stân op 3-2 kaam.
SDS bleaun wol gefaar stichten. Jurjen besocht it mei in hurde pegel fan ôfstân, mar de bal gie krekt oer. En in frije traap fan Tjitse ferraste elkenien, mar stuite krekt oer it doel.
DWP bleaun ek gefaarlik en it wie in spektakulaire wedstriid om te sjen. Sa rjochting it einde like it goed te kommen foar SDS, mar yn de 84e minuut gong it dan dochs noch mis fan SDS. In miskommunikaasje tusken Mark en Wiltsje soarge derfoar dat de bal badarre by in spiler DWP dy’t de bal knap oer de ferdediging tikke koe yn de goal, wêrtroch de stân wer gelyk waard: 3-3.
De spanning rûn heech op en in oertrêding op Eeltsje resultearre yn in giele kaart foar de tsjinstanner, en in tiidstraf fan 10 minuten. SDS koe de lêste minuten dus mei in man mear besykje de winnende treffer te meitsjen.
Dat barde hast. Yn de absolute slotfaze ûntstie der in scrimmage foar it doel fan DWP, wêrby de bal foar de fuotten fan de krekt ynfallen Bote Strikwerda kaam. Spitich genôch kaam de bal tsjin in DWP-foet en net yn de goal. It skealde neat!
De wedstriid einige yn in, úteindelik wol terjochte, 3-3 gelykspul.
Nije wike út tsjin Leeuwarder Zwaluwen 5!

Arum 2 – SDS 4

Doe’t de mannen fan SDS 4 foar de wedstriid de boks yn Arum opsochten wienen de jongelju fan Arum 2 al dwaande mei de warming-up. Al mei al die dat foar de Arumers gjin fertúten. Yn in alderaardichste sportive pot wûn SDS 4 mei 1-0 troch in goal yn de twadde helte fan Ronny Wagenaar.

SDS/Nijland JO19-1 – Leeuwarder Zwaluwen JO19-1

De jongens van ST Vv SDS Vv Nijland JO19-1 pakken vandaag weer de 3 punten, deze keer winnen ze thuis tegen CSV Leeuwarder Zwaluwen JO19-1 met 4-1 en gaan ze stevig aan kop in de 1e klasse!
Volgende week de kraker bij St.Anna-Parochie!
Minne