Oprop!
8 juni 2004Kledingfonds
9 juni 2004Jan Stenekes
Binnen SDS wie it wol bekind. Jan Stenekes is in echt boefke. Yn de Ljouwerter Krante fan tiisdei 8 juny koene jim lêze en sjen dat hy oppakt is yn Easterwierrum. Tegearre mei syn maat Wiebren Jorritsma wiene se oan it ynbrekken. It soe ús net ferbaze dat Sjoerd van Beem de tredde boef wie. Jan hie de SDS sjaal noch om.
Prinseske Hinke
It bedriuw wêr Hinke wurket (sis mar de Kondens yn Meppel) hat it predikaat keninklyk krigen. Dat is moai. Mar it betsjut wol dat ús Hinke no in titel drage mei. Wy neame har prinseske Hinke.
Anne Brouwer
In pear wike lyn krigen wy de rekreaasjekrante fan Littenseradiel. Aktiviteiten waarden fermeld en foto tsjinnen foar illustraasjes. Opfallend wie de foto op de earste side fan Anne en Ina Brouwer. It foarbyld fan de nije rinnende generaasje. Fan Ina wie bekind dat sy rinnen wol leuk fynt. Fan Anne wie dit eangstfallich stil holden. It gerucht gie no dat hy meidwaan soe oan de Slachterintocht. Wy kinne dat no ûntkenne. Anne rint net mei: hy hat de huldiging fan SDS1 , it feest yn Wommels nei it winnen fan de bûnsparty, de greidhoekerintocht en it buertkeatsen noch yn de knibbels
de Treffer
It soe ús net ferbaze at de Treffer moarn úkomt. It bestjoer hat dizze wike noch in wichtige meidieling oer de sjurts en derom komt er yn de Treffer in los briefke te sitten mei in meidieling dêroer. Moarn hope wy út te lizzen wêr’t it krekt om giet.
Bynammen SDS A1
Ûnder Junioren, SDS A1 kinne jimme in protte bynammen fine fan in soad spilers fan A1. Dat net alle nammen altiten sa tapaslik binne docht wol bliken. “De Tank” (Jelte de Boer) bliket dochs echt net oer asfalt te kinnen.