Sibe dreamt oer lifters

Ferslach Krysttoernoai Frentsjer
28 december 2006
Wepperkes -sneon-
29 december 2006

It is op dit moment de tiid fan de top 2000 foar radio 2. Op Skrok wurde wij mei de muzyk wekker en geane mei de muzyk op it nêst. En wylst ik hear nei Fleetwood Mac mei it nummer Dreams, slûgje ik fuort yn in dream. En yn myn dream hear ik


Meatloaf
mei “Paradise bij the dashboard light” en ik tink oan oan al dy lifters dy’t ûnderweis binne nei Bell Yll en Mer.

Bij “Don’t give up” fan Kath Bush en Peter Gabriel  tink ik spesjaal oan Jan en Sjoerd en de bruorren Jaring en Sjoerd. En bij dizze lêste twa sjit mij it nummer fan de Dire StraitsBrothers in arms” troch de kop.


Ik sjoch Gertjan en Beitske bij Luxemburg stean en hear Frank Sinatra sjongen “Mij way”.


Tagelyk flitse Tjitte Jelle en Wytske foarbij yn in romme kofferbak fan in BMW en hear ik Normaal Oerend Hard sjongen.

Klaas en Teade hawwe de rit útstippele fia Limburg en troch harren hear ik the Nits sjongen mei “In the Dutch montains.”


Tsjeard en Sjoukje sjonge tegearre bij  de grins “On the border” fan Al Stewart mar samar ynienen hâldt Sjoukje op en sjongt: “Daar gaat ze” van Clouseau , at se har suster Namkje mei Wybren foarbijriden sjogge yn in Golf.

De muzyk skeakelt yn myn dream oer nei de Dijk mei it nummer “als het golft


Jaring en Sjoerd besykje in plak te krijen yn in Panda mar de sjoffeur fynt it net ferantwurde, wylst Sjoerd sjongt : “he is’ t heavy , he is my brother,” fan de Hollies.


Niels en Suzanne sitte relaxt yn in “Fast Car fan Tracy Chapman en harkje nei de muzyk fan Leonard Cohen dy’t sjongt oer syn ”Suzanne”.


Mei Eelke en Gert Jan giet it noch net goed. Sij steane earne yn Belgie en hearre AbbaWaterloo” sjongen en wat wie der mar wer mei Napoleon.


Gertjan en Beitske hiene bij Reims samar wer in lift en dat ferbaasde Gertjan net, wylst de Poemas sjonge: “Zij maakt het verschil” wylst hij nei Beitske wiist.

Jan en Sjoerd steane flakbij Paris op in parkearplak en sjogge dat Tjitte Jelle en Wytske op it selde parkearplak wol in lift krije.
  (oanklikke,sit filmke efter)
Yn duet sjonge se : Ben ik te min van Armand mei dêr efter oan Bright side of the road van Van Morrison.


It giet mei Wybren en Namkje wer super en wij heare de Golden Earring sjongen “Another 45 miles to go”


Tagelyk heare Eelke en Gert Jan the Beatles sjongen mei “the long and winding road”, wylst se noch altiten Flaamsk prate kinne.


Tsjeard en Sjoukje stean flink ûnder druk no’t harren direkte konkurinten fierder binne: David Bowie sjongt ‘Under pressure


Jaring en Sjoerd sjogge Paris foar harren lizzen en fine dat in moaie stêd, wêr’t je moaie foto’s meitsje kinne; sij maile : Alles geprobeerd van het Goede Doel en geane de Champs Elysee op.


Klaas en Teade hawwe betiden frjemde teksten en it is net foar neat dat Blof foar harren Aan de kust sjonge. Sij steane bij it plak wêr’t de boat oer in pear oeren  wei giet.

Op de eftergrûn hearre se Rod Stewart mei “Sailing” mar dat sjogge se dochs net sitten.

Sjoerd en Jan binne super yn foarm  en heare Queen sjongen: “These are the days of my live.”

Sij binne ek op tiid foar de earste boat.


Gertjan en Beitske moatte alles op alles sette om dy earste boat te heljen. Sij roppe DC Lewis oan en dy sjongt foar harren “Mijn gebed”.


Eelke en GertJan steane bij de Seine mar witte it net seker, want sij heare Boney M. sjongen “the rivers of Babylon”.


Foar Niels en Susanne kin de reis ek al net mear stikken en sij binne der ek hast. Ennio Morricone spilet foar harren “Once upon a time in the west.


Wytske en Tjitte Jelle  steane al hiel lang te blaubekjen bij Nantes en sij heare dan ek de Scene sjongen : Blauw, Blauw Blauw

Mei 4 koppels op de earste boat kin it oan gean: Ik hear allegear muzyk trochelkoar:


Born to run” fan Bruce Springfield , Acda en de Munnik mei “Ren lennie ren”. Gerry en the pacemakersyou’ l never walk aloneLeny KravitzWhere are we running  Muse mei “Time is running out”, Van Halenrunning with the devil en Live mei “run to the water

 

Dan ynienen hear ik Reboelje mei “Eilan yn de see” en ik skrik wekker, want bij sokke goeie muzyk wol ik net sliepe en seker net sokke freeslike dreame hawwe.


Sibe de Seefûgel

It liftersliet 2007: Eilân yn de see

fan ôf de heechste toer yn de wrâld
sjoch ik warbere lytse minsken
dy’t lyk as lytse eamelders
mei grutte stikken drek sjouwe
neist my boartet de skepper
mei tûzenen tinne toutsjes
dy’t sa fyn binne
dat se nea net yn’e tiis komme

fûgels fleane oer, dagen wurde koarter
en it wetter komt al tichterby
en op bleate fuotten troch de wiete drek
rinne manlju en rinne froulju
se driuwe it fee nei de wierde
want de nachten wurde langer
en it wetter komt al tichterby
it wetter komt al tichterby

hoe graach soe ik as in reus
troch it wiete waad rinne
en djippe fuotprinten meitsje
wêr al it wetter yn fuort rinne kin
maar machtleas sjoch ik nei myn buorman
dy’t alle toutsjes yn’e hannen hat
en fan wa’t ik wit
dat er better noch as my relativearje kin

en yn dizze tsjustere nacht yn de slachtmoanne
sjoch ik de angst yn de eagen
fan de âlderein en de bern
want it spoeket en it stoarmt
kei wurde ûnrêstich
it wetter komt fiersten te heech
en ik sjoch ûnskuldige lytse minsken
dy’t bidde en dy’t smeekje

lit ús eilân yn de see
lit ús eilân yn de see gewurde
lit ús wurkje lit ús libje
wy sille fjochtsje wy sille offerje
mar lit ús eilân yn de see
lit ús eilân yn de see
lit ús gewurde, gewurde

Reboelje