SDS-League: Dirks ‘Twaalfde Man’ is net te stopjen.

Weppers moandei 7-10-2024
7 oktober 2024

Dirk Stegenga liket net te stopjen myn syn ‘Twaalfde Man’. Hy pakt al foar de 3e kear yn 4 spylronde’s de wykpriis en stiet al 20 punten los fan nûmer 2, ‘Hoekie Boys 13’ fan Marc Hoekstra.
Dirk docht mei 3 teams mei yn de SDS-League. Net ien hie dan ek tocht dat dit nei 4 spylronde’s al út koe. Fanôf no is alles winst.

Dirk syn ‘Zaterdag is de mooiste dag van de week’ docht ek goeie saken. Hy giet hjirmei fan it 12e nei it 8e plak. Wêr stoppet dit?
Yn de folgende Treffer sille wy ris by Dirk heare wat syn taktyk is.

Teade de Boer is mei ‘Topteam De Boer’ de ienige dy’t Feyenoorder Hwang yn syn opstelling stean hat. Je soenen sizze dat dat dochs punten opleverje moat. oant no ta komt Teade noch net fierder as it 30e plak.

‘Skobberdebonk’ fan Dooitze Nauta hat him rêstich deljûn op it ûnderste plak en stiet no al 40 punten los fan ‘Toro’s FC’ fan Tim Sweering.

Sjoch hjir foar de nijste stân.

SDS League 2024-2025 earste helte stand wike 4