10.000e besiker!!!!!!
22 augustus 2003C- 1 junioren ferlieze
23 augustus 2003“It komt net goed,” sei Oebele Anema nei in kertier yn de twadde helte. De stân wie op dat stuit 0-1 foar Mulier. Oebele syn miening wie basseare op it byld fan de wedstriid. Want middeis hie hy by Mulier 2 – SDS 2 west. Dy wedstriid einige yn in 1-0 oerwinning foar Mulier, wylst SDS safolle kansen hie dat it net te begripen wie dat de bal der net yn gie. Peal en latte en in goeie keeper stiene in oerwinning fan SDS yn de wei.
Ek SDS 1 koe mar min ta ksoren komme tsjin Mulier. Der wiene ek no wer tal fan kansen , wer in goeie doelman en peal en latte stiene ek hjir in pear yn de wei. Doe’t Mulier yn de twadde helte taktysk skoorde út in frije traap tichtby it doel, en SDS mar kansen missen bleau, like Oebele gelyk te krijen.
Dochs kaam it oars. Mulier moast mei 10 de wedstriid útspylje en SDS drukte hieltyd mear. In oantal wissels brocht nij fjoer en it doelpunt koe net útbliuwe.
En wat foar doelpunt. In prachtige foarset fan Durk Yde Sjaarde waard troch Marco Ottens, de eardere spits fan Mulier, ferskuorrende hurd yn it doel sketten. In geweldige opstekker en SDS bleau it dêrnei besykjen.
It waard 2-1 . Ek in prachtich doelpunt. Floris Hiemstra skeat út in frije traap fan grutte ôfstan hurd yn.
In fertsjinne oerwinning. Kommende tiisdei is de út wedstriid tsjin Harlingen en sneon spilet men thús tsjin Rood Geel. Wierskynlik wer op jûn.