SDS WK-League: stân woansdei 23.00 oere

Weppers tiisdei 22-11-2022
22 november 2022
Sinteklaasynkeapen by de SDS-webshop
24 november 2022

55 dielnimmers en net ien hie tocht dat Dútslân fan Japan ferlieze soe.
Hendrik, Tim en Fenna Sweering ferwachten al in lytse ferassing, mar de 2-2 siet der net mear yn.

De measten hienen wol ferwachte dat Spanje fan Costa Rica winne soe. Douwe-Jan Vellinga siet der it fiesrt neist mei in winstpartij fan 1-0 foar Costa Rica.
Wiebe Heeres kaam der it tichst by mei in 6-0 oerwinning. Dirk Stegenga gie foar de 5-0.

Mar leafst 19 dielnimmers seagen Marokko wol lykspyljen tsjin Kroatië. Jelmer Posthumus wie de ienige dy’t de útslach ek goed foarsein hie.

Bas van der Weij, Douwe-Jan Vellinga, Hendrik ‘Lewantoski’ Eringa, Jelmer Posthumus, Jilles Reitsma, ‘Jimmy Pesto jr.’ en Seriëtte Strikwerda gienen der allegear fanú dat België mei 1-0 winne soe fan Canada en pakke allegear 10 punten. De rest seach de Belgen in gruttere oerwinning pakken.
Sjoerd van Beem hie wol ferwachte dat Canada goed foar de dei komme soe, mar sjit neat op mei syn ferwachte winst fan 2-1 op de Belgen.

Jelte-Pieter Dijkstra en ‘Jimmy Pesto jr.'(Ate Feike de Boer) steane no boppe-oan. Dit seit fierder noch net folle. Ate Feike de Boer stie yn 2021 mei de SDS EK-League ek efkes boppe-oan, mar waard úteinlik stiif lêst. De ‘poedeltsiis’ makke doe al in hiel soad goed:

Broer Greidanus stiet noch ûnderoan.

Stân Wa? Wenplak Stân op woansdei
23.00 oere
1 Jelte-Pieter Dijkstra Wommels 60
2 Jimmy Pesto jr. Wommels 60
3 Aant Hofstra Wommels 55
4 Anne Stenekes Wommels 55
5 Bote Strikwerda Wommels 55
6 Kris Gaastra Ljouwert 55
7 Auke Eringa Wommels 50
8 Bas van der Weij Easterein 50
9 Hendrik ‘Lewantoski’ Eringa Spannum 50
10 Jilles Reitsma Wommels 50
11 Marc en Robert Hoekstra Easterein 50
12 Pieter Kamstra Easterein 50
13 Pieter Wijnia Wommels 50
14 Sjoerd de Boer Wommels 50
15 Sjoerd van Beem Wommels 50
16 Skelte Anema Mantgum 50
17 Eeltje Postma Wommels 45
18 Gert-Jan Hiemstra Easterein 45
19 Hendrik, Tim en Fenna Sweering Easterein 45
20 Jaap Toering Wommels 45
21 Jan Friso Bruinsma Wommels 45
22 Tjitse Postma Wommels 45
23 Tsjalling Sikma Dronryp 45
24 Annejan Hallema Wommels 40
25 Dirk Stegenga Easterein 40
26 Eeltsje Bootsma Wommels 40
27 Frans-Pyter Terpstra Wommels 40
28 Hendrik de Jong Wommels 40
29 Pieter Sijtsma Wommels 40
30 Seriëtte Strikwerda Spannum 40
31 Simon van der Vaart Spannum 40
32 Wessel Wijnja Hidaard 40
33 Wiebe Heeres Wommels 40
34 Willem Wijnia Wommels 40
35 Brend Toering Wommels 35
36 Frank Bervoets Wommels 35
37 Gerwin Sijbesma Wommels 35
38 Habtamu de Hoop Wommels 35
39 Jan Mulder Waaksens 35
40 Jelmer Posthumus Wommels 35
41 Johan Delfsma Wommels 35
42 Jurjen Eringa Rien 35
43 Rick Hendriks Easterein 35
44 Sybren Beert de Jong Wommels 35
45 Tom Wijnia Wommels 35
46 Douwe-Jan Vellinga Wommels 30
47 Grietzen Broersma Ljouwert 30
48 Jacob-Klaas Haitsma Wommels 30
49 Klaas Bouke Faber Wommels 30
50 Lourens van der Pol Easterein 30
51 Rudmer Jesse en Rinse Joustra Wommels 30
52 Lisa en Tineke Hoekstra Easterein 25
53 Lolke Hofstra Wommels 25
54 Okke van der Kamp Oudega 25
55 Broer Greidanus Wommels 15