SDS WK-League foarútsjen

Sneon 17-12-2022
16 december 2022
Weppers snein 18-12-2022
18 december 2022

Hjoed de grutte dei yn Katar.

Hjoed ek de lêste dei fan de SDS WK league 2022.

De spanning is der noch altiten.

Wij hawwe efkes wat “oannames” dien en sjogge in wikseljende top 4 bij ferskate senarios.

De feiten binne:

Wrâldkampioen (50 punten)

16 dielnimmers sjogge Argentinie wrâldkampioen wurden.
5 dielnimmers  hawwe keazen foar Frankryk.
34 dielnimmers keazen in ploech dy’t al útskeakele is.

Topskoarder  (50 punten)

22 dielnimmers sizze Mbappé.
12 dielnimmers sizze Messi.
31 dielnimmers keazen in spiler dy’t gjin kâns mear makket.

Doelpunten topskoarder (50 punten)

Op dit momint is heechste oantal doelpunten 5 (Messi en Mbappé).

5 dielnimmers skreaunen 5 doelpunten op.
16 dielnimmers tochten oan 6 doelpunten.
23 dielnimmers ferwachtsje 7 doelpunten.

Giele kaarten (+ en – 5 ) (50 punten)

Foar de treastfinale binne der sa’n 217 kaarten fallen. Dat is in gemiddelde fan 3,5 kaart per wedstriid
At de lêste twa wedstriden dat gemiddelde skoare dan komme wij út op sa’n 224 kaarten.
Dat levert 50 punten op at je dan 219 oant 229 kaarten foarsein hawwe.
Dat binne 11 dielnimmers.

Reade kaarten ( 50 punten)

De echte reade kaart wurdt dit kampioenskip frijwol net jûn. Mei 2 echte reade kaarten is it minimaal.

1 dielnimmer hat 2 kaarten oanjûn.
0 dielnimmers hawwe 3 kaarten oanjûn.
4 dielnimmers hawwe 4 kaarten oanjûn.

Konklúzje

It kin noch alle kanten út, mar de kâns dat immen 250 punten skoart op de 5 bonusfragen is útsletten.
De kâns fan 200 punten kin ek sa goed as útsletten wurde.
Mar 3 goeie bonusantwurden …..it soe samar kinne

Hopenlik kinne wij sneintejûn de boel ôfslúte en in stik as wat lokwinskje en treaste.
Mar it kin ek moandei wurde, at de blues iets te gesellich is……