SDS sjaal

Programma Midwintercup
6 januari 2004
SDS-sjaal om graach!
7 januari 2004

De SDS sjaal docht it fansels prima mei dit suterige waar. Dochs docht ek bliken dat de sjaal brûkt wurdt om der wat kreas út te sjen. Dat bringt ús op it idee om de kommende tiid foto’s te garjen fan SDS-ers mei de sjaal. It is fansels leuk at it bysûndere omstandigheden en frjemde plakken binne. Sa hoopje wy op in foto fan Jan Stenekes op Lands End en tinke wy oan in wintersporter yn de lift. Wy begjinne lykwols mei Jan Keuning. Hy troude okkerlêsten en hie de sjaal (en de strik) om.

 

Alle foto’s binne te sjen op SDS-supporters ûnder de namme SDS-sjaal