Nijjiersweppers
4 januari 2026Gjin trainen op it keunstgêrs y.f.m. ôfbrutsen ljochtmêst…..
8 januari 2026SDS/Nijland JO19-1 is der net yn slagge om de finales fan it OFK te berikken. Yn Frjentsjer waarden sy juster 6e yn de poule mei 3 punten. Dit binne al 3 punten mear as ferline jier, dus der sit progresje yn.

Daniël Veenstra yn folle sprint foarút mei de bal oan de foet en Jelle Vellinga sil probearje him te helpen fanút efterút
De earste wedstriid gie jammerlijk mei 2-0 ferlern tsjin sc Stiens 2 en de twadde waard mei 4-0 ferlern fan Heerenveense Boys JO19-1. De Feansters spilen krekt efkes slimmer en dan kinne je samar ta in dikke útslach komme. Fan The Golden Oldies waard ferfolgens knap mei 2-1 wûn. Der leinen noch kansen foar de twadde ronde, mar de wedstriden tsjin Broekster Boys 2 en Haskerland 2 gienen beide jammerlijk mei 1-0 ferlern.
Sc Stiens 2 en Golden Oldies gienen troch nei de finales.
De beide goals fan SDS/Nijland JO19-1 waarden makke troch Sven Hoekstra.
Kommende sneon is de finaleronde.

Hjir kinne jim alle einstannen fine oant no ta: Tournify.


